Nije koroanapillen fan Pfizer wurkje goed
Resint ferskynd
It medisyn Paxlovid fan aptekersbedriuw Pfizer wurket foar wûnder. It guod makket dat minsken dy’t it koroanafirus ûnder de lea hawwe der net slim siik fan wurde. Foar it jongste skaai fan it firus, omikron, wurket it ek.
As minsken de earste trije dagen nei’t se symptomen krije de pillen ynnimme, sakket de kâns dat hja slim siik wurde mei 89 persint. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder 2200 minsken. Yn de groep pasjinten dy’t it middel krige, gie net ien dea. Yn de kontrôlegroep, dy’t in sabeare medisyn krige, rekken mar leafst tolve minsken út ‘e tiid.
It Europeeske agintskip foar genêsmiddels EMA besjocht op ‘t heden oft Paxlovid yn Europa foarskreaun wurde mei. In genêsmiddel fan it bedriuw Merck, molnupiravir, hat al in foarriedige goedkarring fan EMA.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje