Nij praktykboek foar wettersporter
Resint ferskynd

Boarne: Wijdemeer
Wettersporter en ûnderwiiskundige John Coenders út Moddergat jout kursussen foar it Lyts Farbewiis. Fan it materiaal dêrfoar hat er in seleksje yn syn boek De beste stuurlui staan aan boord opnommen.
Dat boek is bedoeld foar ferskiillende doelgroepen: wettersporters mei ûnderfining, dy’t har yn spesifike situaasjes ôffreegje ‘hoe siet it ek alwer?’ Begjinnende farders dy’t gau ynsjoch krije wolle in standertsituaasjes op it wetter fine der ek antwurd yn. Kursisten Lyts Farbewiis kinne har der sels mei teste en de stof ferwurkje.
Boekgegevens
John Coenders, De beste stuurlui staan aan boord – Praktijksituaties voor de watersporter
Utjouwer Wijdemeer – ISBN 978 949 2052 834
96 siden, mearkleureprint, yntegraalbân, € 14,99
te keap: webshop Wijdemeer en yn de boekhannel
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje