Nij Nederlânsk regear wol huzen en treinen yn Fryslân
Resint ferskynd

Fryslân sil de kommende fjouwer jier hurd feroarje, as it oan it nije Nederlânske regear leit. Der komt in nije spoarline, dy’t fan Amsterdam fia it Hearrenfean en Drachten nei Grins ta rint, sadat Hollanners makliker yn Fryslân en Grinslân komme kinne en Grinzers en Friezen flugger yn ‘e Rânestêd. Dat stiet yn it regearakkoart fan Rutte IV.
Fierder wol it regear folle mear huzebou yn Fryslân. Der moatte tsientûzenen wenten by komme, wêrûnder tydlike wenten foar studinten, asylsikers en gastarbeiders. Minsken meie harren bern aansen net langer belestingfrij jild skinke foar de oankeap fan in hûs. No meie bern noch in ton fan heit en mem krije sûnder dat se dêr belesting oer ferskuldige binne.
It ûnteigenjen fan boeren liket fan ‘e baan. Yn it reagearakkoart stiet dat boeren net útkocht wurde sille. Fierder lûkt it regear in soad jild út om besteande wenten miljeufreonliker te meitsjen. Gaswinning op it Waad wurdt ôfboud, nije fergunnings wurde dêr net mear foar jûn.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje