Neushoorn giet troch

desimber 10, 2021 08:41 Fernijd

Nettsjinsteande dat Neushoorn yn Ljouwert ek te krijen hat mei beheinde iepeningstiden, sitte se dêr net stil. De dûns-, sjong- en drumlessen geane oerdeis troch en der wurdt folop programmearre.

Moonloops (foto: Arjen Nouta)

Freed 10 desimber giet it los mei in nije edysje fan NTV. Diskear is Moonloops te gast, bekend as winner fan de Lytse Priis fan Fryslân 2021. De livestream set om 20.00 oere útein en is fergees te besjen fia de Facebookside fan Neushoorn.

Fierder yn Neushoorn:
Johnny Loves Me komt op sneon 18 desimber nei de grutte seal foar in albumpresintaasje. De muzyk is in mjuks fan de sjenres pop, hiphop en lo-fi/bedroom, en makket gebrûk fan punk, rock en soulynfloeden. De doaren geane om 15.00 oere iepen; in kaartsje kostet € 5.

Snein 19 desimber geane de doarren om 14.00 oere iepeen foar de EP-presintaasje fan Timo de Jong. Dy makket syn muzyk om te beseffen, te fertellen en te hieljen. Dêr pakt er ûnderfiningen fan himsels en minsken om him hinne by oan om der in universele en oansprekkende tekst oer te skriuwen. Kaartjes kostje € 10; dat is mei ynbegryp fan de cd.

desimber 10, 2021 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.