Nei trije wike twadde printinge fan boek ‘Stabij’

desimber 27, 2021 07:29

Op 18 novimber presintearre Uitgeverij Noordboek Bornmeer Stabij. De prachtige tekeningen fan keunstner Tjibbe Hooghiemstra sierden de seal. Nei in taspraak fan Steven Sterk waard it boek oerlange oan auteurs Tjibbe Hooghiemstra (byldzjend keunstner) en Douwe Kootstra (skriuwer en ferteller).

Boarne: Bornmeer

Nederlânske ferzje
In prachtich skinkboekje foar elk dy’t fan keunst, ferhalen en de Stabij hâldt. Al gau folgen oanfragen foar in Nederlânske ferzje. Dêr hoegden de auteurs en útjouwer net lang oer nei te tinken. De oersetting waard fuortendaliks ynset en sawol de Fryske werprintinge as Nederlânske ferzje lizze no op de drukparsen.

Stabij
Tjibbe Hooghiemstra en Douwe Kootstra ha in soad niget oan stabijen. Hooghiemstra hat al jierren sokke hûnen. Dy ynspirearren him ta in grutte seary tekeningen.

Los fan dy ferbyldingen skreau Kootstra ferhalen dy’t ien oerienkomst ha: in stabij spilet de haadrol. De miks fan byld en tekst makket Stabij ta in bysûnder boek. Gjin hûneboek yn de klassike sin, mar in oade oan de minske yn it bist.

ISBN 978 90 5615 850 7 | bûn | 96 siden | € 14,90

Stabij is te keap by de boekhannel en fia www.bornmeer.nl.

desimber 27, 2021 07:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.