Nederlânske skoallen moatte ticht

desimber 14, 2021 19:55
Foto: pixabay.com

Uterlik tiisdei 21 desimber moat op alle basisskoallen yn Nederlân de krystfakânsje begjinne. Dat hat it Nederlânske regear tiisdei buorkundich makke. It doel fan de ferplichting is om de fersprieding fan it koroanafirus ôf te remjen, mei’t de sikehuzen de pasjinten oars net mear bergje kinne.

“Als het echt niet anders kan”, sa sei minister-presidint Mark Rutte, dan kinne âlden gebrûk meitsje fan berne-opfang yn de ekstra fakânsjewike. Hja moatte dan wol in saneamd ‘cruciaal beroep’ hawwe. Dat wol sizze dat de maatskippij harren wurk net in wike misse kin.

De tichtplicht bliuwt oant en mei 14 jannewaris bestean. Dat wol sizze dat de measte winkels, teaters, bioskopen, museums, sportskoallen, ferdivedaasjeparken, kafees en restaurants jûns nei fiven net iepen wêze meie.

Fierders moat elkenien yn Nederlân foar 1 febrewaris in ekstra faksinaasje helje kinne. Dy binne nedich, om’t twa prippen besmetting mei it jongste skaai fan it koroanafirus gauris net behinderje. Dat saneamde omikronfirus, dat foar it earst obstrewearre waard yn Súd-Afrika, wreidet hurder, mar ferskate ûndersiken hawwe sjen litten dat minsken der nei alle gedachten minder slim siik fan wurde as fan it no yn Europa noch oerhearskjende deltaskaai, ek wol “de Yndyske fariant” neamd.

desimber 14, 2021 19:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.