Nederlânske skilders troch Dútske eagen

desimber 2, 2021 11:46
Dit skilderij fan Hendrick van Anthonissen is op de útstalling ‘Vortreffliche Niederländer’ te sjen.

Grutte skippen mei wapperjende read-wyt-blauwe-flaggen op dúnjende weagen, libbensechte portretten mei in grut ljocht-tsjusterûnderskied, stillibbens mei fruit, ûndogens koartegaarjende jongelju, mytologyske sênes, fleurige húshâldings … foar Nederlanners binne se neat bysûnders, de grutte masters hawwe yn har skilderwurk by ‘t soad gebrûk makke fan dy ûnderwerpen. Wa’t skilderijen út de Gouden Iuw besjocht, kin der net omhinne dat se tige dominant binne.

Sa gewoan as sokke plaatsjes foar Nederlanners wiene en noch binne, sa eksoatysk en ynspirearjend wiene se foar Dútsers dy’t in iuw letter libben. De Dútske resepsje yn de lette 18e en betide 19e iuw fan 17e-iuwske Nederlânske skilderkeunst is no in útstalling oan wijd. Yn it Landesmuseum für Kunst und Kulturgeschichte yn Oldenburch is te sjen hoe’t hofskilder Johann Tischbein (1751-1829) út de greefskip Oldenburch de Nederlânske keunst ûntduts en hoe’t er him dertroch ynspirearje liet. De útstalling hjit Vortreffliche Niederländer.

Tischbein wie al in grut leafhawwer fan Rembrandt van Rijn, doe’t dy yn Nederlân noch hielendal net de status hie dy’t er no wrâldwiid hat. Jan van Huysum en Jacobus Vrel hearden ek by syn favoriten. Net allinne sammele er wurk fan dy skilders, hy kopiearre se ek en makke gebrûk fan de techniken en motiven fan de Nederlânske foarbylden. Sa hat er mei soarge foar de ynternasjonale ûntdekking fan de 17e-iuwske masters.

De útstalling Vortreffliche Niederländer lit sawol wurk fan de Nederlânske skilders as de wurken fan Tischbein sjen dy’t dertroch ynspirearre binne. De útstalling rint noch oant 9 jannewaris. Besikers moatte in bewiis fan yninting tsjin it koroanafirus en in resinte negative test meinimme. Mear ynformaasje fine jo hjir.

desimber 2, 2021 11:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.