Nederlânsk Blazers Ensemble lit publyk syn 50e Nijjierskonsert gearstalle

desimber 11, 2021 08:47

It Nederlânsk Blazers Ensemble (NBE) spilet op 1 jannewaris 2022 syn 50e edysje fan it tradisjonele Nijjierskonsert yn it Amsterdamske Konsertgebou. Om dat gouden jubileumkonsert ekstra glâns te jaan, binne op nbe.nl achttjin fideo’s fan NBE-toppers út Nijjierskonserten troch de jierren hinne te besjen.

NBE (foto: Peter Lodder)

NBE-fans kinne fia nbe.nl/stemmen harren favorite optreden kieze. Dêrmei kedize se – ûnder it biedwurd ‘measte stimmen jilde’ – foar in part oer de ynhâld fan it programma. De fideo’s binne ûnderferdield yn trije omgongen: ‘klassikers’, ‘spesjale gasten’ en ‘muzyk fan oer de hiele wrâld’. Ut eltse omgong wurdt in publyksfavoryt keazen dy’t yn it Nijjierskonsert 2022 te hearren wêze sil.

Krekt as alle jierren steane de winners fan de jierlikse komposysjewedstriid fan it NBe wer op it poadium om harren selsskreaune stik mei it NBE te spyljen. Heale finales yn Akoesticum, Ede en de finale yn TivoliVredenburg, Utert wurde meikoarten holden: yn ’e wike fan 20 desimber sil bekend wêze hokker jonge komponisten op it poadium fan it Konsertgebou neist it NBE skitterje sille.

De Blazers spylje it konsert op Nijjiersdei twa kear, om 14.00 oere en om 17.00 oere. Beide konserten binne – lykas de Generale – op 31 desimber om 15.00 oere – útferkocht. It Nijjierskonsert wurdt troch BNNVARA op telefyzje útstjoerd op 1 jannewaris om 18.50 oere op NPO2.

NBE (foto: Peter Lodder)

desimber 11, 2021 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.