Nederlân kriget in Fryske minister fan ûnderwiis
Resint ferskynd

Dennis Wiersma yn 2013 (foto: Wikipedia/Sebastiaan ter Burg – CC BY 2.0)
De nije Nederlânske minister fan ûnderwiis wurdt sa’t it no liket in Fries. Auke Dennis Wiersma nimt Arie Slob syn plak as minister fan basis- en fuortset ûnderwiis oer. De 34-jierrige Wiersma is hikke en tein yn Frjentsjer en wennet op ‘t heden mei wiif en bern yn Utert. As it wat wurde sil mei it Frysk yn it ûnderwiis, is de nije minister, dy’t op it heden steatssekretaris fan sosjale saken is, in gaadliken ien om wat te feroarjen.
Wiersma dielt it ministearje mei Robbert Dijkgraaf, de âld-foaroanman fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen. Dijkgraaf wurdt minister foar it beropsûnderwiis en de universiteiten.
Der komt ek in Fryske steatssekretaris yn it kabinet. Aukje de Vries út Ljouwert wurdt steatssekretaris op it ministearje fan finânsjes, dêr’t se har mei taslaggen en dûane dwaande hâldt. Hja sil ûnder oaren foar in goed ferfolch op de taslagge-affêre soargje moatte.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje