NAVO-soldaten klear foar Russysk-Oekraynske oarloch
Resint ferskynd

De NAVO ret him ta op oarloch yn ‘e Oekraïne. It militêre bûn makket him derop klear om yn in wike tiid soldaten nei de regio te stjoeren. Dat skriuwt de Dútske krante Die Welt, dy’t him basearret op útspraken fan in diplomaat by de NAVO.
De oanlieding is neffens de krante dat Ruslân hieltiten mear soldaten nei de grins mei de Oekraïne ta bringt. Op 7 desimber hat de NAVO de steat fan paratens fan syn soldaten al ferhege. No wurdt in militêre ienheid, de rap beskikbere mienskiplike útfieringsmacht of VJTF klearmakke om yngripe te kinnen by in mooglik konflikt. Dat is in ienheid fan 6400 militêren.
It sil der dan benammen om gean dat de soldaten de NAVO-lidsteaten yn East-Europa beskermje. Dy wurde sa stadichoan benaud troch de manmachtige oanwêzigens fan Russyske militêren oan de uterst westlike grins fan Ruslân. De anneksaasje fan it Oekraynske skiereilân Krim troch Ruslân yn 2014 leit de minsken dêr noch farsk yn it ûnthâld.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje