Natuermuseum Fryslân útroppen ta bêste bernefreonlike museum fan Fryslân 2022

desimber 1, 2021 08:38

It Natuermuseum Fryslân mei him it kommend jier, foar de njoggende kear efterinoar, it bêste bernfreonlike museum fan Fryslân neame. Dy titel fertsjinnet it museum op basis fan yngreven ûndersyk troch saneamde museumynspekteurs (bern oant en mei tolve jier). Hja joegen it museum it rapportsifer 8,76. It Natuermuseum is dêrtroch neffens de ynspekteurs it bernefreonlikste museum fan Fryslân.

Foto: Natuermuseum Fryslân

Foto: Natuermuseum Fryslân

Alle jierren stimulearret de Museumferiening bern om musea te besytsjen én dy te beoardieljen. Bern meie as echte museumynspekteurs harren miening jaan oer tal fan saken lykas de kwaliteit fan de útstallingen, oft se nije dingen leard ha en wat se feroarje soene as se sels in dei museumdirekteur wiene.

Nettsjinsteande de koroanakrisis witte Nederlânske musea de jongste generaasje goed te berikken: yn totaal waarden 8.000 rapporten ynfolle troch jonge ynspekteurs. Dêrtroch meie yn totaal 65 musea, ferspraat oer hiel Nederlân, in jier lang it predikaat ‘bernefreonlik’ fiere. Yn Fryslân binne dat it Natuermuseum Fryslân en it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits. De lanlike winner is Discovery Museum yn Kerkrade. Fanwege de koroanamaatregels waarden de ûnderskiedingen dit jier fia ynternet útrikt.

Oer de Museumkids Award
Op museumkids.nl steane alle bernefreonlike musea op in rige. Bernefreonlike musea hawwe fan op syn minst 35 bern o/m tolve jier it rapportsifer 8 krigen. Museumkids, in inisjatyf fan de Museumferiening, bringt de jongste generaasje, en dêrmei ek harren âlden en paken en beppen, yn kontakt mei museale kolleksjes troch hiel Nederlân. Mei dy kolleksjes fertelle musea ferhalen en dêrtroch leare bern de wrâld en harren eigen omjouwing te ûntdekken.

desimber 1, 2021 08:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.