NASA freget bedriuwen om ferfangers foar ISS

desimber 4, 2021 09:58

De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA hat oerienkomsten sletten mei trije bedriuwen om kommersjele romtestasjons te ûntwikkeljen. Dy kinne it ISS ferfange as dat romtestasjon tsjin de ein fan it desennium gjin tsjinst mear docht.

ISS (foto: NASA)

NASA lûkt 415 miljoen dollar (367 miljoen euro) út foar it ûntwikkeljen fan de kommersjele stasjons. It jild giet nei Blue Origin fan Jeff Bezos (130 miljoen dollar), Nanoracks (160 miljoen dollar) en Northrop Grumman (125,6 miljoen dollar). It bedriuw Axiom Space krige earder al 140 miljoen dollar fan NASA om oan in nij romtestasjon te wurkjen.

De Amerikaanske romtefeartorganisaasje freget hieltyd faker help fan de private sektor by it ûntwikkeljen fan raketten, romtereau en -stasjons yn syn besykjen om minder kosten te meitsjen. Dêrnjonken kin NASA him sa op oare ambisjeuze projekten rjochtsje, lykas in bemanne missy nei Mars. De kommersjele romtestasjons yn in baan om ’e ierde moatte aanst sawol plak biede oan NASA-astronauten as oan romtetoeristen.

Blue Origin wurket gear mei Sierra Space om de Orbital Reef te ûntwikkeljen, in romtestasjon dat yn ’e twadde helte fan dit desennium klear wêze moat en tsien minsken húsfestje kin. It romtestasjon wurdt omskreaun as “in bedriuwepark yn ’e romte”. Underwilens wurket Nanoracks oan in romtestasjon Starlab, dat yn 2027 lansearre wurde moat. Northrop Grumman wol in modulêr romtestasjon bouwe dat romtetoeristen, laboratoaria en fasiliteiten mei keunstmjittige swiertekrêft húsfestje of oankeppelje kin.

Net ien fan de bedriuwen hat buorkundich makke hoefolle oft de romtestasjons úteinlik kostje sille. De finansjele tasizzing fan NASA mei op syn heechst tsien persint fan de folsleine kosten bedrage. Romtestasjon ISS wurdt al 21 jier bemanne en wie by it yn gebrûk nimmen in symboal foar ynternasjonale gearwurking, benammen tusken de Feriene Steaten en Ruslân. Nei alle gedachten kin it oant 2028 bemanne bliuwe.

desimber 4, 2021 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.