Muzikale Iterij @ De Wier yn Koarnjum no freed

desimber 16, 2021 18:50

De premjêre fan de Muzikale Iterij yn De Wier is op freed 17 desimber. Op jûntiid kin fansels op ’t heden net en dêrom is besletten om der in oanklaaide lunsj fan te meitsjen. Mei deselde yngrediënten, allinne net de jûns mar de middeis. Dat sil wêze op freedtemiddei 17 desimber. Fan 12.30 oere ôf is de ynrin en om 13.00 oere is de start fan it programma.

Ofbylding: Bob de Boer Produkties

Bob de Boer lit muzyk hearre dy’t mei iten en drinken te meitsjen hat en Wieke de Haan servearret dêr tapaslik iten by. Boppedat is der fan alles te sjen op in grut skerm en de minsken kinne op oardel meter faninoar yn it húskeamerteater sitte. Besikers wurde ûntfongen mei in alkoholfrij drankje dat by de tiid fan ’t jier past. De tagongspriis is € 29,50 de persoan, dat is mei wolkomstdrankje en alle iten ynbegrepen. Fanwege de premjêre is it diskear ek ynklusyf de drankjes dy’t bûten it iten om noch besteld wurde.

Boppedat is der foar elke gast in tapaslik kulinêr desimberpresintsje om mei nei hûs ta te nimmen.

Oanmelde kin op 06 – 54763154 of bobdeboer@pinupsanddowns.com.

desimber 16, 2021 18:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.