Minder faak dizich troch skjinnere lucht

desimber 23, 2021 06:59 Fernijd

It is lang sa faak net mear slim mistich as sechtich jier tebek. Hjoed de dei binne der sa’n acht folsleine dagen yn it jier dat men net in kilometer foarút sjen kin. Yn 1960 wie dat twaris safolle. De oarsaak is dat de lucht no folle skjinner is as doe. As de lucht jit minder smoarch wurdt en as boppedat troch de klimaatferoaring de wyn noch faker út it westen komt, sil dize sa njonkenlytsen seldsum wurde yn Nederlân.

Winterdeis komt dize noch in soad foar. Benammen yn Fryslân, Grinslân en Drinte is dize ridlik gewoan: sa’n hûndert kear yn it jier komt dêr yn ‘e rin fan ‘e dei op syn minst in oere lang dize foar. Yn Seelân is dat mar tritich kear.

Mist bestiet út tige lytse dripkes dy’t omsweve. As it kâld is, ûntstiet maklik kondins en as it net waait, bliuwt dy boppe de grûn hingjen. As de lucht smoarch is, foarmje har makliker dripkes as by in skjinne lucht.

desimber 23, 2021 06:59 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.