Melklokaal ferlit suvelfabryk
Resint ferskynd
Oant en mei desimber 2021 te sjen
Mei de groepssjo Seven year it(ch)! nimt it Melklokaal, it poadium foar hjoeddeiske keunst op It Hearrenfean en omkriten, ôfskie fan de hjoeddeiske lokaasje. It hierkontrakt koe nammentlik net ferlinge wurde.

Melklokaal (foto: Linus Harms)
De útstallingsromte waard yn 2014 oprjochte troch byldzjend keunstner Albert Oost en grafysk ûntwerper Monique Vogelsang. Oant en mei 12 desimber is der nij en resint wurk te sjen fan Akmar, Machteld van Buren, Jochem Hamstra, Hans Hoekstra, Martin de Jong, Henrik Kröner, Wouter Nijland, Astrid Nobel, Dineke Oosting, Jan Snijder, Maurice van Tellingen, Jan Wattjes en Aafke Ytsma. Dêrnjonken binne yn ROOM it fideowurk ‘Het Atelier’ fan Thijs Linssen en yn TANK de tekenynstallaasje ‘Drawing room’ fan Esther IJssels te sjen.
It Melklokaal is fêstige yn it eardere suvelfabryk Jagtlust op It Hearrenfean, yn de romte dêr’t oarspronklik de molke ynbrocht waard.
Sjoch foar mear ynformaasje op www.melklokaal.nl.
Melklokaal? O, molkenkeamer!