Margreet de Graaf ferlit GGD Fryslân

desimber 30, 2021 08:35

Mei yngong fan 1 april 2022 makket direkteur publike sûnens fan GGD Fryslân/Feilichheidsregio Fryslân, Margreet de Graaf, de oerstap nei Cosis. Hja wurdt lid fan de ried fan bestjoer fan Cosis, in organisaasje foar minsken mei in ferstanlike en/of psychyske beheining yn Grinslân en Drinte. Mei Bert Hogeboom as foarsitter foarmet sy skielk de rie fan bestjoer fan Cosis.

Margreet de Graaf (boarne: GGD Fryslân)

Margreet de Graaf: “Wat my oansprekt yn Cosis is de ambysje om in organisaasje te wêzen dy’t troch wearden dreaun is. In soarchorganisaasje dy’t it oars docht, út de bedoeling en de beweging wei. Cosis lit sjen dat yn alle opsichten de kliïnt sintraal stiet. It libben dêr’t de minske yn foarop stiet en net it kliïnt-wêzen fan de minske. Ik sjoch dernei út om tegearre mei Bert in stabile basis te wêzen as tiim ried fan bestjoer foar de organisaasje en syn meiwurkers. En mei each foar it belang fan maatskippij, kliïnten, netwurkpartners en meiwurkers.”

Margreet de Graaf wurket sûnt 2015 as direkteur publike sûnens by GGD Fryslân/Feilichheidsregio Fryslân.

desimber 30, 2021 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.