Maatregels om skea troch wolf yn Fryslân foar te kommen
Resint ferskynd

Foto Prov. Fryslân
No’t yn Súdwest-Drinte in wolf him nei wenjen set hat, riedt it kolleezje fan Deputearre Steaten (DS) fan Fryslân fierdere maatregels ta foar de komst fan de wolf nei Fryslân.
Deputearre Klaas Fokkinga achtet de kâns grut dat de wolf yn Fryslân ek rûnswalkje wol. Mei de Projektgroep Preventie Wolvenschade Fryslân (PPWF) sil de kommende tiid besjoen wurde hokker gebiet yn Súdeast-Fryslân as wolveterritoarium oanwiisd wurde kin.
Der wurdt sjoen nei de mooglikheid foar in subsydzjeregeling foar it nimmen fan previntive maatregels. Dêr wol DS eigeners fan lânbouhúsdieren lykas skiep yn it wolveterritoarium mei stimulearje en stypje by de oanskaf fan previntive maatregels. It giet bygelyks om elektryske roasters dy’t de wolf keare moatte.
Earder al hat GS de PPWF ynsteld. Dy wurdt no omfoarme nei gebietskommisje. De PPWF hat neffens foarsitter Harry Oosterman in advys opsteld dat de basis foar in subsydzjeregeling wêze kin. In advys is ek om in wolvekonsulint oan te stellen. Dy kin feehâlders riede wat se it bêste dwaan kinne. Der wurdt ek tocht oan in proef mei skermen mei elektryske triedden.
Nei it fêststellen fan in wolveterritoarium sil de gebietskommisje oan ’e slach mei in previnsjeplan. Dêr komme ûnder oare maatregels yn te stean om skea troch de wolf oan lânbouhúsdieren foar te kommen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje