Lourdesgrot yn Sint-Nyk

desimber 13, 2021 16:16

Om 1580 hinne hie de reformaasje yn de Lege Lannen in protte gefolgen. Yn ús provinsje wie dat net oars. De Roomsk-Katolike Tsjerke waard ferbean. Dochs wiene der minsken dy’t it roomsk bleauwen. Dat wie fan dy gefolgen dat der geandewei roomske enklaves ûntstiene lykas Bakhuzen, Blauhûs en Reahûs.

De adel yn Sint-Nyk seach troch de fingers dat dêr op de heide ek sa’n enklave mei in skûltsjerke ûntstie. Hjoed-de-dei hat de Christoffelparochy dêr de mânske Sint-Niklaastsjerke, dy’t yn it sintrum fan it doarp stiet. Efter de tsjerke is in replika fan de grot fan Lourdes, mei ek bylden fan de hillige Bernadette en Maria.

Yn 1934 krige Huite Huitema fan pastoar Joannes Bentla opdracht om in kopy fan de orizjinele grot fan Lourdes te meitsjen. Huitema hie al ferskate kearen mei syn sike frou nei Lourdes west en dêr ek foto’s makke, dat hy wist krekt hoe’t dy der útseach. In jier letter wie it wurk dien, makke op de skaal fan 1 op 10, mei in grutte fan 11 x 8 x 7 meter.

Foto MV

Foto MV

Oan de iene kant bûten it stek stiet in byld fan de knibbeljende Bernadette en heech yn de grot stiet it Mariabyld mei de tekst “Ik ben de Onbevlekte ontvangenis”.

Sintraal stiet in houten alter mei in Frânsk opskrift (‘Ik ûnthjit jo net it gelok fan dizze wrâld mar fan in oare’) en in foto fan Bernadette Soubirous sels. Dy frou soe neffens sizzen yn 1858 yn de grot fan de Massabiellerots sa’n 18 kear in ferskining fan Maria sjoen hawwe. Sa is yn alle gefallen de oerlevering. Yn 1862, nei erkenning troch de roomsk-katolike tsjerke, waard Lourdes in ferneamd beafeartplak.

Foto MV

Yn Sint-Nyk is it beafeartplak net allinnich lytser, mar ek folle rêstiger as yn Lourdes. Bysûnder is dat oan de lofter side yn de rjochting fan it tsjerkhof de Via Dolorasa begjint mei tsien ôfbyldingen fan de wei yn Jeruzalem dy’t Jezus by de krusiging ôflizze moast.

Koartsein, in plakje dat yn de tiid fan de hjeldagen miskien in oantal minsken wat treast jaan kin.

Matthijs Verkuijl

desimber 13, 2021 16:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.