Kultuerfûns Fryslân stipet foar goed 65.000 euro 21 kultuer- en natuerprojekten

desimber 7, 2021 09:15
It Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân hat yn it lêste fearnsjier fan 2021 oan 21 kultuer- en natuerprojekten in finansjele bydrage tasein. It giet om in bydrage fan yn totaal 65.500 euro.
It is elk fearnsjier mooglik om in finansjele bydrage foar in projekt oan te freegjen. De kritearia dêr’t in oanfraach oan foldwaan moat, binne te finen op de webside fan it kultuerfûns. Hjirûnder wurde in pear takenningen taljochte. De folsleine list mei takennings út dizze tredde omloop is te finen op www.cultuurfonds.nl/fryslan.
Edukaasjeprojekt oer de Otter
Stichting It Fryske Gea kriget € 3.000 foar it edukaasjeprogramma foar basisskoalbern oer de otter. Learlingen leare hokker gefaren de otter tsjinkomt en wat deroan dien wurdt om de otter as ambassadeur fan de natuer yn Fryslân te behâlden.
Ut Liwwarder Bieroproer
Stichting BUOG kriget € 10.000 foar de muzykteäterfoarstelling Ut Liwwarder Bieroproer yn de binnenstêd fan Ljouwert. Yn gearwurking mei winkellju en omwenners meitsje se in byldzjende foarstelling mei sang, dûns, moderne muzyk en rap oer it bieroproer yn 1487 dêr’t Haarlems bier by dronken waard yn stee fan it mindere Ljouwerter bier.
Monumint Kibboets Frjentsjer
Stichting Historisch Centrum Franeker kriget € 2.000 foar in monumint by de eardere kibboets yn Frjentsjer ta neitins oan de bewenners dy’t slachtoffer wurden binne fan de Joadeferfolging yn de Twadde Wrâldoarloch. De kibboets wie in hachsjara, in Joadske lânbouskoalle dêr’t jonge sionisten har taretten op emigraasje nei Palestina.
Oer it Prins Bernhard Kultuerfûns
It Prins Bernhard Kultuerfûns bringt minsken, wrâlden en ideeën byinoar om kultuer en natuer libje te litten. Tanksij bydragen, fûnsen en prizen ûntsteane nije kulturele inisjativen en wurdt kultureel erfgoed beholden. Dat wurdt dien mei skinkers en makkers, leafhawwers en eksperts, betinkers en beskermers. En mei de bydragen fan de VriendenLoterij, de Nederlandse Loterij en donateurs. It Prins Bernhard Cultuurfonds Frylân is ien fan de tolve provinsjale ôfdielingen.
desimber 7, 2021 09:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.