Krekt ferskynd: ‘Tristram Shandy’ oerset troch Geart fan der Mear

desimber 17, 2021 08:26 Fernijd

Mei syn opienfolging fan sydpaden, omballingen en oare healwizichheden miskien wol de aldernuverste roman yn de wrâldliteratuer.

Boarne: Elikser

Oer it boek:
The Life and Opinions of Tristram Shandy, Gentleman, koartwei Tristram Shandy, fan Laurence Sterne (1713-1768), ferskynde yn njoggen frij koarte dielen, twa yn 1759 en de rest ferspraat oer de sân folgjende jierren. It boek is neffens de namme in biografy fan Tristram Shandy, mar is yn werklikheid ien opienfolging fan sydpaden, omballingen en oare healwizichheden, dy’t it boek ta miskien wol de aldernuverste roman yn de wrâldliteratuer meitsje. Der is wol ris oer opmurken dat it in post-moderne roman is – en dat yn de sechtiger jierren fan de 18de iuw! De grap is dus dat it ferhaal fan it libben fan de held net rjuchtút-rjuchtoan ferteld wurdt. Troch al dy sydpaden en omballingen foar en nei wurdt de geboarte fan de held pas yn diel III beskreaun.

Elk ûnderwerp jout oanlieding ta in sydpaad en alle soarten fan fierdere omballingen: sa beteart it by it oansetten fan it bern Tristram daalk al net hielendal goed, omdat op it beslissend momint de takomstige mem freget oft de heit de klok wol opwûn hie; we lêze letter in hiele katalogus fan beledigingen en wiidweidige ferflokkingen; de ynfloed fan nammen op persoanen wurdt ús út de doeken teard, lykas ek wat de foarm fan in noas ús seit oer de besitter dêrfan; de froedfroupraktyk komt oan ’e oarder; ek de oarlochs- en belegeringskunde dy’t syn omke Toby sa folslein yn de besnijing krije (wylst dy omke sels wol de sêftmoedichste en aardichste fan alle romanfigueren is); de filosofy; de besnijenis by ûngelok troch in tichtklappend kezyn as Tristram syn bernefaam him nei bûten pisje lit; en de ferkearde nammejouwing, ek by fersin; de frijerij fan omke Toby om de widdo Wadman, dy’t har ôffreget oft omke Toby wol in man útmeitsje kin, want se wol earst witte wêr’t dy no krekt yn de ljisk ferwûne is (yn de buert fan Namen, by de belegering dêrfan, seit omke Toby – sy bedoelt wêr no krekt yn de ljisk); en it neispyljen fan belegeringen fan forten yn it achtertúntsje fan omke Toby mei syn korporaal Trim. En noch folle mear.

Geart van der Mear (boarne: Elikser)

Oer de skriuwer:
Laurence Sterne wie in Anglikaanse dominy yn it noarden fan Ingelân, en o sa belêzen – en it tsjinoerstelde fan inkeld in earnstich man. Omdat er oan tbc litte is er net âld wurden.
Shandy is in noardlik dialektwurd en betsjut soks as ‘pitertuerlik’ of ‘healwiis’.

Oer de oersetter:
Geart fan der Mear (berne 1944 te Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 by it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk.

Neist taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân, foaral de praktyske kanten dêrfan, dy’t er tapasse koe yn syn kursussen literêr Ingelsk-Nederlânsk oan de universiteit.

It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy
Skriuwer: Laurence Sterne (1713-1768) | Oersetter:  Geart fan der Mear (Midlaren) } Tal siden: 461 | ISBN: 978-94-6365-404-3 | Priis: € 34,95

desimber 17, 2021 08:26 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.