‘Knoop Busje komt zo!’ tongersdei op telefyzje

desimber 15, 2021 08:35

De NTR en HandicapNL komme op tongersdei 16 desimber op NPO 1 mei in spesjale krystôflevering fan Busje komt zo! fan Paul de Leeuw. Paul reizget troch Nederlân en bringt ferrassingen mei syn gasten: Frans Bauer, Maan, Simon Keizer en Dieuwertje Blok. Hja fleurje minsken mei in ferstanlike beheining op mei muzyk, humor en licht en lekker iten om de koroanarite better ferneare te kinnen.

Foto: NTR

Iensumens
Krekt as by it Knoop Gala stiet it Knoop Buske yn it teken fan de nedige stipe oan HandicapNL. Diskear draait it om it freonskipsprogramma Buddies. In protte jonge minsken mei in ferstanlike of lichaamlike beheining, autisme of harsenletsel fiele har iensum. En dat is troch koroana allinnich mar tanommen. Jetske (29) ûnderfynt nei eigen sizzen in stilte yn har libben. Troch in seldsume foarm fan dystony falle in protte fan har favorite beuzichheden fuort, lykas kuorbaljen. “Sporte kin ik spitigernôch net mear. Kontakt mei ploechgenoaten stjert hieltyd fierder wei, dus ik sit no jûnen efterinoar thús, allinnich op ’e bank”, seit Jetske. Mar troch Buddies is dat feroare.

Buddies op aventoer
By HandicapNL sjogge se it ek alle dagen. Mear as de helte fan de jongelju mei in beheining fielt him geregeld iensum. Faak tinke se dat sels oplosse te moatten en skamje se har om help te freegjen. Mei Buddies hearre se der wer by en meie se freonskip ûnderfine, soms foar it earst yn harren libben. Yn Knoop Busje komt zo! lit Paul de Leeuw dêrom sjen wêrom’t it wurk fan Buddies sa tige nedich is.

Foto: NTR

Alternatyf foar Knoop Gala
Al jierren presintearret Paul de Leeuw om ’e kryst hinne yn Carré it Knoop Gala. Dêryn sjonge of spylje minsken mei in beheining foar in útsinnich publyk de stjerren fan ’e himel. Dat dogge se mei in artyst of groep fan namme. Ferline jier waard it Knoop Gala yn in yntym Carré holden, sûnder publyk mar mei online ferbiningen nei famylje, freonen en publyk. Sa koene talintfolle jongelju harren dreamen wiermeitsje. Dit jier geane De Leeuw en syn gasten it hiele lân troch. Want troch Knoop Busje komt zo! bliuwt gjin plak, of dream, ûnberikber.

Knoop Busje komt zo! is in NTR-programma yn gearwurking mei MediaLane en HandicapNL.

Utstjoering: Tongersdei 16 desimber 2021, 21.25 – 22.15 oere, NPO 1;
Werhelling: Sneon 25 desimber 2021, 15.35 – 16.25 oere, NPO 1.

desimber 15, 2021 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.