Kataloanië en Valencia mei-inoar ien foar it Katalaansk
Resint ferskynd

De oerheden fan Kataloanië en Valencia wolle mei-inoar opkomme foar de rjochten fan ‘e Katalaansktaligen. Beide Spaanske regio’s binne fanâlds foar in grut part Katalaansktalich. Yn Kataloanië is it Katalaansk de foarnaamste bestjoerstaal, yn Valencia it Spaansk. Op de Balearen wurdt ek Katalaansk praat.
De foarsitters fan de regionale parleminten fan beide regio’s hawwe freed tegearre te witten dien dat hja in blok foarmje tsjin de anty-Katalaanske polityk yn Spanje.
Foarsitster Laura Borràs fan it Katalaanske parlemint en foarsitter Enric Morera fan it Valenciaanske sprieken harren yn in parsekonferinsje út tsjin it ferbod fan in Spaanske rjochter op Katalaansktalich ûnderwiis. Neffens de rjochter moat op syn minst in fearn fan it ûnderwiis yn it Spaansk jûn wurde. It Katalaansktalige ûnderwiis is der lykwols foar bedoeld om fan de skoalle in Katalaansktalige mienskip te meitsjen, sadat bern dêr it Katalaansk as omgongstaal leare te brûken, omdat in protte oare domeinen fan it libben al Spaansktalich binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje