Jûnstichtplicht jildt oant nei jierwiksel

desimber 13, 2021 09:51

De hjoeddeiske koroanamaatregels wurde oant yn elts gefal begjin takom jier ferlinge. Dat is neffens boarnen de útkomst fan it oerlis snein op it Catshûs fan eksperts en in part fan it demisjonêr kabinet.

It Catshûs yn De Haach (foto: Wikipedia – publyk domein)

Dat betsjut dat oant op syn minst begjin jannewaris ûnder mear de hoareka en net-essinsjele winkels om 17.00 oere slute moatte. En sporte yn sportskoallen of yn ferieningsferbân bliuwt nei 17.00 oere ferbean. Fierder bliuwt it advys om op syn meast fjouwer minsken thús te ûntfangen yn stân. Der sil gjin útsûndering wêze foar de krystdagen, dêr’t it kabinet earder wol op oanstjoerde.

Ofrûne wike is it tal nije besmettingen mei de koroanagoarre wol ôfnommen, mar de druk op de soarch bliuwt tige heech en dêrom binne ferrommingen neffens it demisjonêr kabinet net oan ’e oarder. It kabinet folget dêrmei it advys fan it Outbreak Management Team. It OMT hie advisearre om net te ferromjen, mei fanwege de ûnwissens om it nije omikronskaai hinne.

It kabinet hat noch gjin beslút nommen oer in mooglike langere krystfakânsje. It OMT hie dy opsje op tafel lein, om besmettingen op skoallen te beheinen. Minister Slob liet earder witte dat de ynset is om de skoallen om de krystfakânsje hinne iepen te hâlden. De kommende dagen binne der noch mear oerlizzen en moarn is der in parsekonferinsje dêr’t de besluten offisjeel buorkundich yn makke wurde.

desimber 13, 2021 09:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.