Jonge Fryske liberalen: provinsje set relaasje mei universiteit op it spul

desimber 9, 2021 11:35
Campus Fryslân yn Ljouwert (foto: Wikimedia Commons/Udo Ockema – CC BY 3.0)

“Sa as it no liket, driget it provinsjebestjoer gearwurking mei de Ryksuniversiteit Grins op te sizzen om’t it Frysk net foldwaande plak krijt.” Dat seit Tiemen Jongsma fan JOVD Fryslân, de Fryske jongereinôfdieling fan de VVD. JOVD Fryslân is bang dat de provinsje de relaasje mei de universiteit op it spul set en dêrtroch de ynfloed op de Campus Fryslân kwytrekket.

Jongsma wiist derop dat wat de provinsje wol grûnwetlik net mooglik is: oerheidsynstellingen meie sels útmeitsje hoe’t se harren ûnderwiis ynrjochtsje.

De provinsje hat dermei drige om de jierlikse subsydzje fan 220 tûzen euro yn te lûken as de universiteit de provinsje net meiprate lit oer de persoan fan de nije heechlearaar Frysk en de foarm fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer.

Foar de takomst fan it Frysk is in stúdzje Frysk net it wichtichste, is Jongsma fan betinken: “Jongelju yn Fryslân ha mear belang by ûnderwiis yn har eigen provinsje as by in stúdzje Frysk.”

desimber 9, 2021 11:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.