Jeugdwurk Louis Andriessen ûntdutsen

desimber 29, 2021 08:39 Fernijd

By it podcastprojekt Hilversumse Muziekschatten fan de NTR waard yn de syktocht nei bysûndere muzykpartitueren út it omropargyf ‘Muziekschatten’ in jeugdwurk fan Louis Andriessen fûn. De komponist, dy’t fan it jier ferstoar, waard sjoen as ien fan de ynfloedrykste komponisten yn Europa. De fynst lit sjen hokker wei de 19-jierrige komponist ôflei fan muzykstudint oant koryfee.

Boarne: NTR

Pseudonym Elmo Carter
Kolleksjespesjalist Jan Jaap Kassies rekke yntrigearre troch de obskuere komponist Elmo Carter. Hy kaam derefter dat it om Louis Andriessen gean moast doe’t er seach dat yn it manuskript ‘Louis Andriessen’ skrast wie en ‘Elmo Carter’ derfoar yn plak kaam.

Unyk manuskript
It yn potlead skreaune manuskript komt net foar yn de offisjele list fan wurken en ek net yn iepenbiere boarnen. Der bestiet ek gjin inkelde opname fan, oant musisy fan it Radio Filharmoanysk Orkest it wurk foar de podcast opnamen. De kolleksje Muzykskatten befettet partitueren dy’t yn hûndert jier foar de radio en letter ek foar telefyzje skreaun binne. It is mei fiif strekkende kilometer partitueren de grutste samling blêdmuzyk yn Europa.

Neffens musikolooch Leo Samama hantearre Andriessen yn syn jeugdwurk de typyske habanearastyl fan dy tiid. “Tige kundich dien”, seit Samama yn de podcast.

De praktyk by de omrop
It wie syn fjirtjin jier âldere broer Jurriaan dy’t him by de omrop putsjes taspile. It wie doe wenstich dat komponisten ûnder pseudonym foar de radio yn in frege styl wurken skreauwen. Jurriaans alias wie Leslie Cool en Louis syn alias wie Elmo Carter. Under dy namme skreau Louis yn 1958 in seistal wurken foar piano en fiif strikers, wêrûnder fiif arranzjeminten fan jazzy klassikers en dit orizjinele wurk yn dyselde styl. De bondel skreau er op fersyk fan it ensemble fan de bekende pianist Cor de Groot dy’t ûnder pseudonym Guy Sherwood foar de omrop wurke.

Mirjan Zegers wie oant syn dea dit jier Andriessens persoanlike assistint. Sy seit yn de podcast: “De bruorren Jurriaan en Louis binne oplaat troch harren heit, de komponist Hendrik Andriessen. Mar doe’t dy siik waard, naam de fjirtjin jier âldere Jurriaan de lessen fan him oer. De ynfloed fan syn broer op de jonge Louis mei net ûnderskat wurde.”

18-dielige podcast
Om de fiering fan it 75-jierrige bestean fan de omropensembles dit jier ekstra swidens te jaan, besleaten de NTR en Stichting Omroep Muziek in podcastrige te meitsjen oer de bledmuzykkolleksje Muzykskatten, dêr’t hûndert jier radioskiednis yn te finen is. Muzikale pearels út de kolleksje dêr’t gjin inkelde opname mear fan bestie, waarden troch musisy fan de Radio Kamer Filharmonie en it Groot Omroepkoor ynspile en opnommen. De podcast docht yn achttjin ôfleveringen ferslach fan de syktocht en jout troch fraachpetearen mei eksperts de nedige kontekst. De podcast waard makke troch Frans van Gurp fan de NTR.

De opname klinkt tongersdei 30 desimber foar it earst nei 63 jier wer op de radio: op NPO Radio 4 yn it programma Podium. De podcast mei de opname is dêrnei beskikber op: www.nporadio4.nl/podcasts/verhaal en yn de podcastapps.

desimber 29, 2021 08:39 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.