Jesaja dreamt fan FREDE

desimber 5, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Majoar Bosshardt fan it Leger des Heils wie ien fan de trije bekendste froulju yn ús lân. Libbenslang wie se by dei en by nacht yn Amsterdam beskikber, foaral foar de bewenners fan it tsjustere part fan dy stêd. Se sette har yn foar de bou fan fjouwer opfangtehuzen foar dakleazen en waard wurdearre yn ’e rosse buert. Hiel wat minsken (publike froulju, heroïnehoerkes, swalkers, drugsferslaafden) fielden yn en troch har wat de leafde fan God foar minsken is. Majoar Bosshardt wie in libben foarbyld fan God-mei-ús. Amsterdam mei, of Amsterdam sûnder har, dat hie in grut ferskil west. Ien swel makke simmer!
Alida Margaretha Bosshardt waard berne yn 1913. Yn de moannen foar har berte hie immen tsjin har mem sizze kinnen: “Do bist swier en silst in famke te wrâld bringe en har de namme Immanûella jaan. As dat famke grut is, sille de minsken oan har sjen dat God-mei-harren is!”
Men wit noait wat der út in lytse poppe groeie kin. Bach, Gorbatsjov, Mandela, mem Theresa, Elie Wiesel en Tryntsje Beimers, se binne allegearre yn ’e widze begûn.

Doe’t Jesaja libbe, wie it in tsjustere tiid. It eigen folk wie ferloedere troch in tiid fan wolfeart en doe kaam der oarloch mei it grutte Assyrië. Yn dy tiid dreamde Jesaja syn fisjoenen fan frede. Ien fan dy fisjoenen wie: Der sil in bern berne wurde dat Immanûel (God-mei-ús) wêze sil. Ut it houlik fan Ach-az (‘Myn godlike broer is krêft’) en Abia (‘Heit is Jahwèh’) wurdt Hizk-ia (‘Jahwèh is myn krêft’) berne. Hizkia is in ‘Immanûel’-type. Ek fóár him en néí him wiene der sokke lieders dy’t Immanûel wiene.

As sa’n sânhûndert jier letter in frou mei de namme Maria yn ferwachting is, dan skriuwt Mattéus (1:23) dat dat bern minsken fiele litte sil dat troch Him God-mei-harren is.
Is it net in grut teken fan hoop dat alle bern dy’t berne wurde ta in Immanûel of Immanûella útgroeie kin?

Lêze: Jesaja 7:10-17

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
desimber 5, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.