Janssen-prip wurdt meidertiid better
Resint ferskynd

It koroanafaksin fan Janssen wurket better neigeraden it langer yn ‘e lea sit. Dat docht it RIVM, it ryksynstitút foar folkssûnens en miljeu, te witten. Fjouwer wike nei de yninting hâldt it de helte fan ‘e ynfeksjes tsjin by minsken tusken de 50 en 70 jier âld. Nei trije moanne kin it 75 persint fan de ynfeksjes foarkomme.
It is krekt oarsom as by de mRNA-faksins fan Moderna en Pfizer, dy wurde yn ‘e rin fan ‘e tiid just minder goed yn it foarkommen fan ynfeksjes.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje