Jan Schokker: Blautoskûle
Resint ferskynd
Kollum
Guon saken dy’t wy tsjintwurdich hiel gewoan fine, binne yn samar in oar perspektyf net sa normaal. Want wat is eins gewoan en wat noch normaal?
Lêstendeis tikke der sûnder ophâlden wat op it rút fan ús sliepkeamer, mar derút woe ik noch net. Utsliepe is miskien te folle sein, mar yn dizze tryste dagen fan desimber mei ik o sa graach in healoerke langer lizzen bliuwe. It tikjen lykwols waard fûler en fûler, hystearysker sels, dat ik moast der wol út. Doe’t ik de lamellen iependraaide seach ik dat gjinien oars as ûle Elske ferantwurdlik wie foar de ierbetide oerlêst. Se wie lilk. Of wie se yn panyk?
‘Bûten komme!’ rôp se.
Ik skuorde myn nijste Noarske trui oan, sprong yn in spikerbroek, stuitere de trep ôf en yn in wrâldrekôrdtiid stie ik bûten ûnder de ûlebeam. Wie der miskien wat slims mei de mem ûle?
Elske fladdere op de sinken râne fan it platte dak en wie bot oerstjoer.
‘Wat hasto mei it ynternetten útfretten? Wy ha gjin wifi mear!’
Dat koe útkomme, wy hiene krekt in nije provider. KPN hie mei in peloton handige triedsjeknopers troch it doarp west en oeral glêsfezelkabel ûnder plaggen gers trochprutst, dat wy kinne no aardich rapper en folle foardieliger it wrâldwide web op.
‘Hast miskien no in oar wachtwurd?’ frege Elske oerspand, ‘it wie Sjoeke55.’
‘Wat hawwe jim ûlen yn ’e goedichheid te krijen mei myn wifi en hoesa dy stress?’
‘Ik ha gjin tiid foar sokke banale fragen. Koade?’
Se krige fan my de koade, ek dat noch, mar eins fielde ik my frij ûnnoazel yn dizze tiden fan ynternetoplichterij. Hawar, ik krige gjin tiid foar noch mear simpele fragen. Elske fladdere heger de beam yn en gie dêr wer neist de mem ûle sitten te… Ja, te watten?
Ulen en wifi, ik koe der neat oer fine op ús no o sa rappe web. Fia in artikel oer yntelliginte apparaten stjitte ik op de âlde Deenske kening BlauTosk, dy’t libbe hawwe moat fan 910 oant 986 en om syn kastiel allegear manjefike krystbeammen stean hie mei wol hûnderten tûke ûlen. Tichteby in mooglike ferbining tusken bluetooth en myn ûlen heech yn buorman syn beam kaam ik net. Ik klom it dak fan myn carport op om fan tichteby myn tanimmend tal fragen ôf te fjurjen op ûlin Elske, mar se hipte fuortdaliks in tûke heger. Mem ûle rôp dat ik mar it leafst har gewurde litte moast.
‘It is hast foarinoar spikere,’ sei se.
‘Wat is hast foarinoar?’ woe ik witte, mar it foel blykber wer yn de kategory domme fragen, want in antwurd kaam der net.
De hiele lange moarn betocht ik putsjes om yn de omkriten fan de ûlen bliuwe te kinnen. Eins wie it my te kâld om lang bûten om te spanen, de wyn wie nei it easten set en de temperatuer sakke digitaal om ende by de nul. Tsjin ienen brocht de frou my myn âld bôlebak mei trije dûbeld stikjes brea sûn belein opinoar. Op dat stuit fladdere Elske ynienen op de sinken râne fan it platte dak.
‘It is klear, hear!’ rôp se, ‘der is in akkoart! Alle minsken, wat kealle dat swier!’
Twa tellen letter hie ik in ekstatysk push-upberjocht fan Us Omrop: akkoart fan de koälysjepartijen foar in nij regear.
‘Ik begryp it net’, sei ik.
‘Kin ik my yntinke’, sei se.
‘Fertel.’
‘Ik jou advys.’
‘Do?’
‘No ja, ik net allinne. Us famylje sit yn in beam neist it tuorke yn De Haach.’
‘Meitsje dat de kat wiis’, sei ik lytsachtsjend.
‘Dat slagget net, katten binne noch gruttere stomkoppen as minsken.’
Wat in poeha, tocht ik, mar ik die mar krekt as koe se my fan alles wiismeitsje.
‘En, is it wat in goed akkoart?’ Wylst fage ik op myn mobyltsje de haadlinen fan it akkoart nei foaren.
‘Ik mei noch lang net alles ferklappe’, sei se eptich, ‘mar der komt in minister fan wenjen, berne-opfang wolle wy fergees meitsje, it lienstelsel foar studinten sil oanpast wurde en myn âld ûle-omke út De Haach hat dertroch krige dat der lang om let in grypstehealstoer mear jild nei definsje giet.’
Op haadlinen wie se yn alle gefallen goed op ’e hichte, seach ik op myn skermke.
‘No moai, knap dien’, komplimintearre ik har. ‘En dat allegear troch myn eigen nije wifi?’
‘Wol gewoan bliuwe, hè’, sei Elske, ‘sa bysûnder is dyn claim to fame no ek wer net tsjintwurdich.’
Dêr hie se wol in punt, fansels. Saken dy’t hjoed oan de dei wenstich en normaal binne moatte wy net út it histoarysk perspektyf helje. Ik wie ek bliid dat se noch in deagewoan deistige meidieling hie.
‘Kinst fia it ynternet ek in hiel krystmiel bestelle, ha ik sjoen. Dat do moast net skrikke as der moarn as bestelling in feestlik pakket foar de doar stiet mei in stikmannich djipfriesmûzen.’
Ik fyn alles gewoan, tsjintwurdich. Alles kin wenne, sels alle dagen wer myn frjemde fûgels.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje