It oerslachplak foar frede tusken himel en ierde

desimber 19, 2021 07:00 Fernijd

Oertinking

Wat hat God yn syn winkel? Grif frede (Psalm 85)! Om dy frede nei de ierde te krijen hat God ferlet fan in oerslachplak om frede te lossen en om it dêrút wei út te suteljen.
De bibelske tradysje hat dêrfoar ‘Jeruzalem’ ornearre.
Yn it Earste Testamint komt dy namme fan de stêd 660 kear foar en Sion nochris 154 kear. Yn it Twadde Testamint Jeruzalem 139 en Sion 7 kear. Under ‘Jeruzalem’ wurde ek de ynwenners fan it lân begrepen, ja alle leauwigen fan ’e hiele ierde: “Elkenien is dêr berne” (Psalm 87).
Hoe’t Jeruzalem as oerslachplak funksjonearje kin, sprekt út it folgjende:

“Wês bliid mei Jeruzalem (…) want dit hat de Heare te sizzen: Sjoch, Ik lit de frede komme en as in rivier oer har hinne streame… Lykas in bern treast fynt by de mem, sa krije jim treast by My en dy sille jim yn Jeruzalem fine.” (Jesaja 66:10-13)

Profeten as Amos, Jesaja, Micha, Jeremia en Ezechiël fergen Jeruzalem derop om oerslachplak te wêzen. Se gûlden mei God as it mislearre. Dan hopen se mei ynmoed dat it ea wer sa wurde soe.
Op it hichtepunt fan syn missy slút Jezus Him by harren oan:

“Doe’t it oan Jeruzalem ta wie, seach Er de stêd foar Him en skriemde om har. Hy sei: O, mochtsto hjoed noch ynsjen wat frede ynhat. Mar nee, dat bliuwt no noch foar dyn eagen ferburgen.” (Lukas 19:41-42)

Ynspirearre troch de profeten wol Jezus opnij fan ‘Jeruzalem’ it oerslachplak fan frede meitsje. Ja God wol frede op ierde, foar alle minsken, sa’t Sacharja al dreamde. Sjoch hjir de krêft fan dy dream!

Lêze: Sacharja 9:9-10

ds. Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan
€ 19,50. (
boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
desimber 19, 2021 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.