It mearke fan de moarske slaaf
Resint ferskynd
It slagget de Woke-beweging hieltiten better om de boargemasters safier te krijen, dat dy by de yntocht fan Sinteklaas harren kommisjes twinge om de moar út it mearke mar thús te litten. De beweging fynt dy moar ommers rasistysk, dus dy moat ferfongen wurde troch immen mei in pear smoarge fegen om ’e toet. Noch leaver soe de beweging de feinten fan Sinteklaas allegearre wyt litte fansels. Oer diskriminaasje praat!

Alhambra, Granada. Boarne: Wikimidia Commons CC BY-SA 3.0 © Berthold Wemer
De moar út it Sinteklazemearke liket hjoed-de-dei de ferbylding fan ús slavernijferline te wurden. Wa’t him echt yn de slavernij ferdjippet, kin der fansels wier wol yn ferdrinke. As wy allinne al sjogge nei Europa en de omlizzende lannen, dan wurdt helder dat yn de iuwen foar ús der hast gjin folken/religys wiene dy’t gjin smoarge hannen hiene. Ik soe sizze lês ris wat en huverje oer hoe’t it bygelyks op it Ibearyske skiereilân (Spanje) om en ta gie. Sa is dat prachtige moarske Alhambrapaleis yn Granada boud mei benammen kristlike slaven.
En dochs lei de moar ek yn Nederlân net op minne namme. De apotekers hiene faak in byld fan him oan ’e gevel, om sa de kwaliteit fan harren saak oan te priizgjen. As jo yn it sûnenssintrum fan De Westereen komme, sjogge jo in hiele muorre mei sokke portretten.
As wy noch fierder weromgean: yn de midsiuwen wiene der pilgrimaazjes út de Fryslannen wei oer de Alpen nei Rome ta. Om’t de moarske Sint-Mauritius harren feilich oer de Alpen holp, seine op ’e weromreis guon pylgers ta om thús in tsjerke foar dy hillige te bouwen. Sa fine wy hjoed-de-dei noch altiten tsjerken mei dy moarske patroanhillige Mauritius yn Drylts, Jirnsum, Marsum yn Grinslân en by de Weser yn Horsten en Reepsholt. Hat der ea rebûlje oer dy donkere hillige west?
Wier, ik tink dat it de berneboekeskriuwer Schenkman yn 1850 slagge is – út trije hiel ferskillende ferhalelinen wei – in Sinteklazemearke te meitsjen dat net foar de mearkes fan Andersen of de bruorren Grimm ûnderdocht.
Kinne wy Nederlanners fan dy moar no wol samar in foarbyldslaaf meitsje? Moatte wy der wol in soarte fan hillige fan meitsje wolle? Nee! Kinne wy him samar út dat mearke knippe? Nee, dan knippe wy op syn minst trije ferhalelinen troch. By de yntocht yn Ljouwert wiene der fiif figuranten tûkernôch om boargemaster Buma en de gemeenteried foar it blok te setten. De moar hearde der ommers by!
Bêste boargemasters kies net allinne foar de roppers en de razers, mar lit op syn minst ien ‘moar’ ta by it opfieren fan it Sinteklazemearke.
Cor Jousma
Feanwâlden
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje