Bywurke: Poëtyske jûn Literêr Sirkwy ferskood nei 23 jannewaris

desimber 2, 2021 08:36

De loft is blau fan dagen

Frysk Dichterskollektyf RIXT en Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, organisearje mei-inoar in poëtyske jûn yn de rige It Literêr Sirkwy. Dat sil heve yn it multyfunksjoneel sintrum It Spektrum te Burdaard op sneintemiddei 23 jannewaris 2022.

De optredende dichters hawwe it positive tema ‘De loft is blau fan dagen’ meikrigen. Dy jûns bringe Janneke Spoelstra, Ina Schroders-Zeeders, Mark Spijkers en Geart Tigchelaar harren dichtwurk op it poadium. It duo I Due Cognati wikselet de poëzy ôf mei muzyk en lit syn klanken ynspirearje op ’e wurden fan de dichters.

Oan ’e ein fan de jûn is der in iepen poadium. Dy’t meidwaan wol kin har/him opjaan en liede litte troch it tema – al is in tsjinoersteld fers like wolkom. Opjefte, ferplichte foar sawol dielnimmers as publyk, kin fia ynfo@rixt.frl. Hâld rekken mei de jildende koroanamaatregels.

Foar It Literêr Sirkwy organisearret it Frysk Dichterskollektyf RIXT noch ien jûn yn it winterskoft. Streekdichter Tigchelaar set takom jier noch twa poëzyjûnen op priemmen yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Foto en ûntwerp: Geart Tigchelaar

desimber 2, 2021 08:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.