Is jo evenemint oergien om koroana? Faaks krije jo no jild!
Resint ferskynd
Binne jo fan ‘t jier sinten misrûn, om’t jo evenemint net trochgean koe? Of ferwachtsje jo dat dat takom jier bart? En soe dat evenemint syn beslach krije yn de gemeente Ljouwert? Dan kin it wêze dat de gemeente noch jild foar jo hat.
Op 21 desimber hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert in nije stiperegeling fêststeld. Dy is diel fan it koroanastipepakket. As jo tusken 1 septimber 2021 en 31 desimber 2022 skea ûnderfûn hawwe om’t in plend evenemint ôfsein of beheind wurde moast, dan kinne jo in oanfraach dwaan fan op syn heechst tsientûzen euro. Dy moat wol foar 31 desimber 2022 by de gemeente wêze.
Mear ynformaasje oer de regeling fine jo yn de Hollânske taal op it webstee fan de gemeente: https://www.leeuwarden.nl/nl/hulp-voor-ondernemers-organisaties-en-instellingen-coronatijd
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje