Is autoracing in sport?
Resint ferskynd
Ynstjoerd
As ik de media leauwe mei is hiel Nederlân út ’e skroeven troch it wrâldkampioenskip fan Max Verstappen by de Formule-1. Hy sil dan aansens ek wol kroand wurde ta bêste sportman fan it jier 2021. Persoanlik docht syn oerwinning my neat. It is wol in prestaasje, mar ik soe it gjin sportprestaasje neame wolle. Eins is neffens my autoracing hielendal gjin sport. In sport fereasket fysike ynspanning, wylst by autoracing de auto(motor) it wurk docht en net de coureur.
Lit ús ris sjen nei alle neidielen dy’t mei autoraces anneks binne, lykas fersmoarging as gefolch fan útstjit fan CO2, stikstofoksiden en polysyklyske koalwetterstoffen (PAK’s), namste slimmer by de hege snelheden dy’t by races berikt wurde. Natuergebieten wurde skeind troch de oanlis fan racecircuits.
As sabeare sportikoan jout Max Verstappen ek it ferkeare foarbyld oan de jongerein. Dy wurde opjage ta it berikken fan hege snelheden om stoer te lykjen. Spektakelstikken as autoraces wurde kommersjeel misbrûkt by it stimulearjen fan de minslike konsumpsje fan benammen lúkse artikels, wat allinnich mar ôfgeunst meibringt.
Al mei al soe it foar de wrâld better wêze en hâld mei autoraces op.
Jehannes Elzinga
Frjentsjer
… en net te fergetten: it fersmiten fan skoandere sjampanje troch de minsken op it podium
Jehannes Elzinga snapt der net folle fan. Alle sport brûkt (in soad) technology. Autosport yndied mear as oaren, mar it measte hinget noch altyd ôf fan de coureur. Hoe wol hy oars ferklearje dat Bottas hast altyd efterbliuwt op Hamilton, wylst de mannen deselde auto hawwe? Benammen fan de reaksjesnelheid (ek foar bgl. tennissers tige wichtich) wurdt by coureurs in soad frege, mar ek de motoryk om de wein te bestjoeren, de taktyk (noch wichtiger as foar hurdfytsers) spilet in grutte rol. Dus ja, Verstappen en Hamilton binne ekstreem goie sportslju.
Autoreese is gjin sport. It minske dy’t der yn sit docht neat. Op eigen krêft wat dwaan, dat is sport.
It is wier wol topsport asto sjochst mei hokker krêften de bestjoerders fan dy auto’s fysiek te krijen hawwe. Dat hâldst allinnich fol asto flink topfit bist. Dat allegearre noch neist wat heer Schulp al sein hat.
Mei de fersmoarging is ek wol ôf te rekkenjen asto sjochst nei de elektryske fariant ‘Formule E’. Dêrby moat it hiele sirkus der omhinne allinnich noch wol wat fergriene. Jammer genôch krijt dy allinnich noch net safolle oandacht. Al skriuwt Omrop Fryslân der wol berjochten oer, omdatde Fries Nyck de Vries it sa goed dien hat dat hy wrâld kampioen wurden is.