In treddepart fan Hegewarren oankocht foar takomstplannen
Resint ferskynd
Mei de oankeap fan likernôch 90 bunder is no yn totaal sawat in treddepart fan de grûnen yn de Hegewarren yn besit fan Provinsje Fryslân. Bewenners, omwenners en oare belanghawwers makken sels yn in ko-kreaasjeproses plannen foar de takomst fan de Hegewarren, in feanpolder yn ’e midden fan Fryslân. Takom jier nimme Provinsjale Steaten, Algemien Bestjoer fan Wetterskip Fryslân en de gemeenteried fan Smellingerlân in beslút oer de farianten dy’t it ko-kreaasjeteam oplevere. De gebietsûntwikkeling yn Hegewarren is in ûnderdiel fan it Feangreideprogramma 2021-2030.
Tydlik behear
“Foarop stiet dat we yn de tiid tusken no en de útfiering soargje foar goed tydlik behear”, leit deputearre Douwe Hoogland út. “We sjogge yn oerlis mei Wetterskip Fryslân oft en wêr’t de peilen alfêst omheech kinne. Fansels dogge we dat wol sa dat de omjouwing dêr gjin lêst fan hat en sûnder dat der ûnomkearbere saken barre. We ûndersykje hoe’t we sa goed as mooglik op it gebiet passe kinne yn ’e oanrin nei in nije situaasje.”
Eardere oankeapen
Yn totaal is no likernôch 134 bunder oankocht yn de Hegewarren. Earder al kocht de provinsje Fryslân 40 bunder kultuergrûn en in camping mei 4.25 bunder grûn.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje