In protte Grinzers binne rudich

desimber 2, 2021 17:04

Rude liket in krupsje fan eartiids, dêr’t op syn heechst nochris in hûn mei oanhelle is. Dochs giet de jûkjende hûdsykte op it stuit om yn de provinsjes Grinslân en Drinte. Benammen jonge Grinzers en Drinten hawwe der lêst fan. Undersyksynstitút Nivel hat it oer “een explosieve toename”. Hoe’t it komt, is in riedsel.

Rude wurdt oerbrocht troch miten, lytse spineftige bistjes dy’t maklik fan de iene op ‘e oare oerspringe. Se bite gonkjes fan likernôch in sintimeter lang yn ‘e hûd en lizze dêr har aikes yn. Se skite ek yn de gonkjes en dat jout fjurrigens. Nei in pear dagen komme de aikes út en krûpe de nije miten troch de gonkjes ta de hûd út. Dat jokket o sa. De nije miten lizze ek wer aikes yn ‘e hûd.

Elkenien kin rudich wurde, mar de sykte komt it measte foar by minsken dy’t har net faak waskje, op in smoarch bêd sliepe of yn oanrekking komme mei in oar dy’t fol rude sit.

Dokter kin lijers rudesalve foarskriuwe, dêr giet de sykte nei in skoftsje fan fuort.

desimber 2, 2021 17:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.