IMF-subsydzje foar 18 projekten yn Noardwest-Fryslân

desimber 15, 2021 08:41

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) jout de provinsje Fryslân subsydzje oan achttjin inisjativen yn de regio Noardwest-Fryslân. Yn de lêste iepenstellingsperioade fan 2021 giet der goed 280.000 euro nei leefberensprojekten yn de mienskip. Ien fan de honorearre projekten is Buertmerk ‘Better foar letter’ yn Menaam. 

Foto: Provinsje Fryslân

Buertmerk ‘Better foar letter’
Yn Menaam realisearret de koöperaasje Better foar letter in buertmerk foar lokale produkten. Dy hat as doel om duorsume lokale produkten leechdrompelich tagonklik te meitsjen foar minsken út de buert. It begûn allegear mei it organisearjen fan in doarpsdiner. It diner wie gearstald mei sûn en duorsum iten út Menaam en omkriten. Dat diner sette de beweging yn gong om de fraach nei duorsume produkten en it oanbod fan lokale boeren byinoar te bringen.

Op it stuit binne der al 9 oant 10 lokale leveransiers dy’t entûsjast binne om harren produkten te leverjen. Dat is lykwols net it iennichste doel fan de koöperaasje. Dy hopet ek dat de sosjale gearhing fersterke wurdt. Minsken kinne inoar wer earne treffe sa’t dat foarhinne by de bakker en slachter ek barde. Dêrneist wol de organisaasje de kennis oer lânbou by basisskoallen aktivearje en projekten ûntwikkelje foar minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. Ut de buertmerk wei kinne hieltyd ferskate aktiviteiten plak hawwe lykas (itensieders)demonstraasjes en wurkateliers.

Totale ynvestearring: 27.586 euro, bydrage út it Iepen Mienskipsfûns: 8.000 euro.

Iepen Mienskipsfûns
Takomme jier binne der ek wer trije perioaden dêr’t ynwenners fan Fryslân IMF-subsydzje yn oanfreegje kinne. De earste iepenstellingsperioade is fan 10 jannewaris oant en mei 3 febrewaris 2022. Betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op www.streekwurk.frl/imf.

desimber 15, 2021 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.