Hoesa is Novavax oars as Moderna, Pfizer, Janssen en AstraZeneca?

desimber 24, 2021 06:31

Nei alle gedachten komt der ynkoarten in nij faksin op ‘e merk dat it koroanafirus bûten it liif hâlde moat. It is oars as de fjouwer oare faksins dy’t no yn Europa te krijen binne, fan Moderna, Pfizer, Janssen en AstraZeneca. De Nederlânske ried foar de sûnens docht de oanrekommandaasje dat it spesjaal brûkt wurdt by minsken dy’t de âldere faksins net hawwe wolle.

Neffens de ried kinne oare minsken better de faksins fan Pfizer of Moderna krije. Dy faksins is al mear oer bekend op it stik fan bywurkings en effektiviteit. Der binne lykwols minsken dy’t se net hawwe wolle. Hja steane de techniken efter dy faksins net. Novavax is tradisjoneler en de ferwachting fan de ried is dat hja dat middel dêrom wol hawwe wolle.

Nuvaxovid, sa’t it faksin fan Novavax hjit, befettet neimakke dieltsjes fan it aaiwytjaske dat om it firus hinne sit. As dy yn ‘e lea spuite wurde, makket it ôfwarsyssteem stoffen oan dat alles oanfalt wat op dy aaiwytdieltsjes liket. Dat moat twa kear: nei de earste prip is it ôfwarsysteem noch net goed op gong. Tusken de twa prippen moatte trije wiken ferstrike.

It Novavax-faksin wurket goed by it foarkommen fan sykte troch it alfa- en deltaskaai fan it koroanafirus, mar it is noch net bekend wat it úthellet as ien mei omikron besmet wurdt.

De faksins fan Pfizer en Moderna wurkje hiel oars. Dêr sit mRNA yn. Dat is komplekse stof dy’t lichemssellen de opdracht jout om sels aaiwyt te meitsjen, dat it ôfwarsysteem aktivearret. Guon minsken binne benaud dat harren genetyskse struktuer feroaret as se it ynspuite krije.

In folslein tradisjoneel faksin is Nuvaxovid net. Yn faksins fan de earste generaasje sitte deade of ferswakke firussen. Sa’n faksin is yn Europa noch net te krijen, mar it is wol ûnderweis. It bedriuw Valneva is it oan it meitsjen. Yn Sina wurdt inte mei in middel fan Sinovac, dat op de tradisjonele manier wurket.

desimber 24, 2021 06:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.