Hoe rêdt boargemaster Ineke van Gent har yn de konservative kultuer fan Skier?

desimber 19, 2021 18:01

Ineke van Gent (boarne: www.waddenzee.nl/overheid/omgevingsberaad-waddengebied/samenstelling)

It antwurd op dy fraach stiet yn de nijste De Nije. Dy giet diskear oer eilannen, hein en fier.

Mei ûnder oaren ek:

  • Waadferieningdirekteur Lutz Jacobi oer har Waad as iennichste natuerlike Nederlânske wrâlderfgoed, yn itselde rychje as it Great Barrier Reef, Mount Kilimanjaro en de Grand Canyon.
  • Skriuwer Doeko Bosscher oer syn ‘bibel fan de Nederlânske eilannen’.
  • Mar likegoed histoarikus Bert Looper oer de ynfloed fan Kneppelfreed, no presys santich jier lyn, op de keunst.

De Nije oer lân, see & wyn, wer grôtfol reportaazjes, fraachpetearen, kollums, ferhalen en gedichten. Lykas altyd omtrint folslein yn it Frysk en diskear ek mei wat yn it Biltsk én it Skylger Meslânzers.

DE NIJE is te krijen yn boekwinkel, kiosk en bettere supermerk!

Stjoer foar it bestellen fan (eardere) losse nûmers in mail nei: denije@itnijs.nl.

Alde jeften binne te besjen op Startside.frl.

Klik hjir foar in abonnemint.

desimber 19, 2021 18:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.