Hoe moat it fierder mei de Fryske Beweging?

desimber 14, 2021 18:59

Yn it nijste nijsbrief fan de Ried fan de Fryske Beweging, dy’t ferspraat is ûnder de stipers, wurde eksistinsjele fraachstikken op it aljemint brocht. 

Santich jier nei Kneppelfreed is de Ried fan de Fryske Beweging noch algeduerigen warber foar de taalrjochten fan Friezen. Formeel liket der in soad goed regele mar yn de praktyk wurdt it brûken fan it Frysk anno 2021 rûnom ûntmoedige. Dat waard op de fan de Ried jierliks organisearre Fedde Schurerlêzing, dêr’t it jubileum fan de Slach op it Saailân yn 1951 dit jier sintraal stie, troch saakkundige sprekkers ferdútst. Sadwaande dat de Ried noch hieltyd wakker dwaande is de oerheid geweken te nimmen. Om’t sels it brûken fan it Frysk yn de rjochtbank noch hieltyd net goed regele is, wie it tapaslik dat by de lêzing de Fear yn ‘e Broek, dy ‘t de Ried útrikt oan minsken dy’t harren op bysûndere wize ynsette foar it Frysk, taskikt waard oan rjochtbanktolk Fedde Dijkstra.

Tagelyk besiket de Ried de Friezen te stypjen harren taal te ûnderhâlden mei skreaun Frysk op it ynternet (It Nijs) en yn in tydskrift (DE NIJE). Dat taalûnderhâld o sa nedich is, die allyksa bliken by de Fedde Schurerlêzing. Mar it is wol skreppen foar it lyts ploechje entûsjastelingen dat mei dy projekten teset is. No’t ien fan de driuwende krêften slim siik is en tal fan bestjoersleden ynkoarten ôfgean, is it de fraach oft soks allegearre noch wol fol te hâlden wêze sil. En hoe’t it dan oars moat.

Mooglik moat de organisaasjestruktuer feroare wurde. De Ried fan de Fryske Beweging wie eartiids bedoeld as in koepel foar oansletten Bewegingsselskippen, mar is útwaakst ta in organisaasje dy’t alhiel selsstannich eigen aksjes en projekten op priemmen hat. De Ried wol dêr meikoarten oer yn petear mei oare organisaasjes.

Ien projekt dat de Ried yn alle gefallen skrast, is de Fryske Reklamepriis, om’t dy net oantoanber laat hat ta signifikant mear Frysktalige reklames. Nettsjinsteande de eigen kapasiteitsproblemen wol de Ried al dat der wat oars foar yn it plak komt, dêr’t it brûken fan it Frysk better mei befoardere wurde kin. Tocht wurdt oan in galajûn foar it Frysk.

Foto: FRP

Lykwols is de lêste Fryske Reklamepriis okkerdeis mei graachte oannaam troch Rederij Doeksen. It Frysk is tinken foar it bedriuw en de manager Kommersjele Saken fan de rederij, Annemieke van Brummelen, sei by de útrikking tige ynnommen te wêzen mei de priis. Van Brummelen: “In grut part fan ús passazjiers komt út Fryslân; in Frysktalige radioreklame slút dêr goed by oan.” It byhearrende jildbedrach fan € 250,- donearre Doeksen fuortendaliks oan it útfanhûzershûs yn Ljouwert fan Stifting Út en Thús, foar Skylgers waans neisten yn it sikehûs lizze.

Dêroer en mear is te lêzen yn it lêste nijsbrief fan 2021 fan de Ried fan de Fryske Beweging, dy’t hjir yn al syn hear en fear te besjen is: RIEDF-21009-Nieuwsbrief 8-LR

Foar wa’t bydrage wol oan it fuortbestean fan it Frysk kin de Ried fan de Fryske Beweging finansjeel stypje, sollisitearje foar in plak yn it bestjoer of as frijwilliger meidraaie yn de projekten. Opjaan as stiper kin fia dit formulier. Foar wa’t mear yn it Frysk ynvestearje wol, kin telâne by it Fryslân Fûns. Wa’t niget hat om sels warber te wurden foar it Frysk, kin dit kontaktformulier ynfolje. Datselde formulier kin brûkt wurde foar fragen of opmerkingen oan it adres fan de Ried.

desimber 14, 2021 18:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.