Hoe is it no mei nije tiden, oare kneppels?

desimber 31, 2021 06:40

Ynstjoerd

It Fryslânfûns hope foar 31 desimber 2021 € 25.000 byinoar te garjen mei syn aksje Nije tiden, oare kneppels. De ferwachting wie dat in soad ynwenners fan Fryslân (en Friezen om utens) de aksje stypje soene. In deimannich nei it earste buorkundich meitsjen fan de jildswylaksje wie der al mear as tûzen euro ophelle. Mar letter is de teller neffens geef.nl stykjen bleaun op 8%.

Streekrjocht is lykwols ek jild by it fûns ynkommen. De teller stiet werklik op 10%. Dat jout perspektyf om troch te setten. It bestjoer fan it fûns hat dêrom besletten om de aksje te ferlingjen oant mei Kneppelfreed 2022.

Bûten de aksje ‘Nije tiden, oare kneppels’ om binne der ek jeften foar oare doelen ynkommen. It bestjoer is dêr wiis mei. Sa is der in basis om yn 2022 al projekten te stypjen. Op it stuit leit der al in projektoanfraach by it Fryslân Fûns. It fûns ferwachtet dêr yn jannewaris in beslút oer te nimmen.

Yn 2022 folgje nije stappen om fûnsen te winnen. Earste stap wie in ‘advertorial’ yn DE NIJE. De Ried fan de Fryske Beweging hat dêr de stipers yn oproppen om de aksje te stypjen. It fûns ferwachtet dat dy oprop ek fertuten dwaan sil. Wiene jo der noch net oan ta kommen om de aksje te stypjen, sjoch dan op de side fryslanfuns.frl om dat noch te dwaan.

Bestjoer Fryslân Fûns

desimber 31, 2021 06:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. H.G. de Vries jannewaris 3, 15:47

    Sorry, ik heb geen tijd om het in het Fries te schrijven (dat kan ik wel, maar langzaam). Ik heb we erg verbaasd over het laatste nummer van De Nije en wel over de berichten en artikelen over Schiermonnikoog, Wat staan daar een fouten en andere rare dingen in! Ik zou me er voor schamen, als ik jullie was. Te veel om op te noemen …

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.