Henk Wolf: Mofke

desimber 6, 2021 07:52

Ferline wike haw ik tasein dat ik hjir wat wurden behannelje sil dy’t net yn de wurdboeken steane. Ik haw in listje fan sokke wurden oanlein en dat is no omtrint fyftich wurden lang.

Ien dêrfan is mofke, en wol foar it tichtnaaide lapke stof dêr’t je je mei waskje. Doe’t ik foar it earst waskhantsje hearde, fûn ik dat mar nuver. Yn it Nederlânsk hiest in washandje, yn it Frysk in mofke. De hele Fryske kant fan ‘e famylje sei dat. Pas frij koart lyn haw ik ûntdutsen dat it net yn de wurdboeken stiet, mar wat omfreegjen learde my dat folle mear minsken it koenen en/of brûkten.

Moffen (dus net de ferlytsingsfoarm) binne trouwens yn it noardeasten fan Fryslân ek de dingen dêr’t je winterdeis de hannen yn stekke om se waarm te hâlden. Wanten wurde se ek wol neamd. De Fryske Akademy hat ris in moai dialektkaartsje tekene dêr’t de ferdieling op te sjen is. Dat wol ik jim net ûnthâlde:

desimber 6, 2021 07:52
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Lútsen desimber 6, 08:27

    Wy sizze fan ‘skûlkje’.

  2. Cor Jousma desimber 7, 09:06

    As âld ynwenner fan Hallum (Hâlum) kin ik wol dy moffen, mar thús hiene wy it wol wer oer was(k)hantsjes. Dy K lieten wy mar wat bongelje.

  3. Nanne Hoekstra desimber 7, 11:25

    Een ‘handschoen’ neame we op ‘e Jouwer in ‘want’; dat is dus neffens it kaartsje. Mar wy brûke likegoed ‘mof’, lykwols allinnich foar wanten dy’t de fingers frij hâlde. Us heit, molkboer, hie dy altyd oan om sinten oankrije te kinnen. Tafallich krigen we dy ferline wike krekt wer kado fan Sinteklaas. No yn in útfiering mei in klepke by de fingers en dêrmei sawol as want as as mof te brûken. Handich foar it hantearjen fan de telefoan.

  4. Henk Wolf desimber 7, 13:41

    Dyselden sûnder fingers kin ik dan wer as ‘katsjes’, Nanne. Neffens my is dêr noch net in dialektkaartsje fan.

  5. Klaas Bijlsma desimber 7, 19:12

    In Franeker segge we ok katsjes

  6. Wytse Hospes desimber 8, 13:27

    Yn de Lege Geaën neame we se ek katsjes Dat sil wol in ferbastering wêze fan koarte wantsjes/ mofkes en east faaks koartsje(s) west hawwe.
    Heart fansels nearne op en troch de tiid sil it katsje(s) wurden wêze.
    As’t dat wer goed besjochst dan is’t ek wer in wurd wat fansels nearne op slacht want ja it binne gjin lytse katten en se lykje ek net op de katsjes fan de wylgebeam.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.