Henk Wolf: Himmelderitis

desimber 3, 2021 14:33

As de maityd yn it lân komt, komt it guon samar oan: himmelderitis. Lykas artrititis, rachitis en tonsilitis heart it op in sykte. Al dy oare -itissen binne lykwols ûnstekkingen, wylst himmelderitis it ûnbedimbere ferlet is om te húshimmeljen.

It wurd himmelderitis hat syn oarsprong fansels yn in grapke: wat net in echte sykte is, wurdt troch de namme al sa werjûn. Dat patroan wurdt mear brûkt. Yn it Frysk komme my sa gjin foarbylden yn it sin, mar yn it Nederlânsk kaam ik tafallich vergaderitis tsjin – de oanstriid om altyd mar wer gearkomsten te belizzen. Botte gebrûklik is dat wurd net, wol ‘k leauwe, it komt mar 111 kear op it Internet foar. Wat ferlykbere syktemetafoaren binne te finen yn opruimwoede, schoonmaakwoede en verzamelwoede (mei woede as wurd foar in syklike drift). Yn it Fryske kaam ik it yn de wurdboeken ek tsjin yn kûpwoede (syklike oanstriid ta korrupsje) en wrâldferbetteringswoede (syklike oanstriid om de wrâld te feroarjen), twa termen út de jierren tritich dy’t yn it hjoeddeiske politike diskoers miskien troch de foarm, mar net troch it deryn beslettene synisme opfalle soenen.

Ik bin lang net de iennichste dy’t it wurd himmelderitis brûkt. In neifraach op Facebook smiet op dat Friezen út de hele provinsje wei it wurd koenen en faak sels ek brûkten. Apart genôch is it wurd op it Internet net ien kear te finen, net yn de skriuwwize himmelderitis, ek net as himmelderitus of himmelderites. It stiet ek net yn de besteande Fryske wurdboeken op Taalweb.frl en likemin yn it grutte Wurdboek fan de Fryske Taal.

In wurd dat satliket aardich bekend is, mar dat net yn de wurdboeken te finen is, dat is foar in taalkundige altyd in moaie ûntdekking. It is net it iennichste wurd dat yn de wurdboeken ûntbrekt. Ik ha yn de rin fan ‘e tiid sa’n fyftich wurden of útdrukkingen fûn dy’t ûntbrekke yn de wurdboeken. Dêr wol ik de kommende tiid in stikmannich fan besprekke.

Ik ha de Fryske Akademy okkerdeis al in eardere ferzje fan it listje tastjoerd, dat ik kin fansels wêze dat se my foar binne en guon wurden yn it wurdboek sette ear’t ik se hjir besprutsen ha – wat út noch yn net slim is – mar mei himmelderitis haw ik it de warbere kollega’s dêr leau ‘k ôfwûn.

 

desimber 3, 2021 14:33
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Breimer desimber 3, 20:14

    Strukturitis / stucturitis, ek sa’n sykte.

  2. Ed Knotter desimber 4, 12:42

    Moaie ûntdekking, hear, en ik bin benijd nei dy oare wurden. Ik soe sa gau nammers gjin wurden betinke kinne dy’t net yn de wurdboeken steane. As it om in sykte giet, komt my ‘de geangoarre’ yn it sin, mar dat wurd is grif wol te finen. Foarbylden dêrfan komme gauris yn de Opfrysker foar (it giet goedkommen).
    Mar wat ik hiel bysûnder fyn, is de wize fan sizzen yn de eartse alinea: it heart op in sykte. Men begrypt fuortendaliks wat bedoeld wurdt, mar ik soe it dochs in kontaminaasje neame wolle. ‘It liket op’ fertize mei ‘it heart as’. Kontaminaasjes binne der by it soad, dat dy stean fansels net allegearre beskreaun. ‘It heart op’ fyn ik wol in moaienien en dy haw ik nea earder heard of lêzen.

  3. Henk Wolf desimber 4, 13:26

    Goeie, Ed,
    ‘Hearre op’ haw ik altyd sa heard en sein. It stiet ek gewoan yn it wurdboek. Sjoch mar yn it WFT by betsjutting 12 fan ‘hearre’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.