Henk Wolf: Haihai

desimber 27, 2021 07:24
Marlene Bakker (stilset byld út de fideoklip Waarkhannen)

De Grinslânske sjongeres Marlene Bakker hat in ferske en dat hyt fan Hai hai. Ik wie ris by in foarstelling fan har en dêr fertelde se dat se dy gjalp as typysk Grinslânsk beskôge. Je sizze it as je krekt in grutte ynspanning achter de rêch ha en no efkes bekomme sille.

Dat is yn it Frysk net oars, mar it wurd is yn de wurdboeken net werom te finen: net as haihai, net as haaihaai en net as heihei. Allinne hei stiet der wol yn, mar der stiet net by dat je dat ek ferdûbelje kinne om de bedoelde betsjutting te krijen. Dat soe eins al efkes moatte.

desimber 27, 2021 07:24
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric jannewaris 6, 13:04

    Ik haw ris heard dat “hoihoi” út ‘e jierren 50 komt, fan lju dy’t by ien of oare ferieniging foar de jongerein sieten, mar de namme wol my net yn it sin komme. It waard omskreaun as in sosjalistyske wjergader fan ‘e paadfinerij. Tsjintwurdich heart men wol gauris “hoihoi”.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.