Henk Wolf: Famkelok / Toskepoets

desimber 21, 2021 07:15 Fernijd

Yn it Wurdboek fan de Fryske Taal is it wurd feintsjelok te finen en dat wurd brûkten wy as jonge bazen in soad. Alles wat froulju op ‘e lea spuiten en smarden om lekker te rûken hearde derby: okselklots (sa’t wy deodorant neamden), parfum of de klonje fan beppe.

Ik wol bêst leauwe dat wy – as Frysksinnige jongelju – dêrmei in wurd brûkten dat net yn algemien gebrûk mear wie. Doch bin ik it by minsken mei in ferlykbere Frysksinnigens noch gauris tsjinkaam: by it FYK, by Bernlef, by Aldgilles en Wussefus (hehe). En Gurbe Douwstra hat der in ferske oer makke, dat lit ek wol sjen dat it net út it Fryske ûnthâld wei is.

Wy brûkten der lykwols noch in oar wurd neist: famkelok, want myn maten ek wienen moderne jonges (tochten wy doe) en yn de foarige ieu hienen je dan in grutte spuitbus mei driuwgassen en in luchtje deryn, neist fansels it flesse goedkeape aftershave en witwat stjonkend guod mear. Wat de famkes koenen, koenen wy ek!

Dat wurd famkelok hat sa goed as ik it neigean koe, de wurdboeken net helle. Dat is fansels skande.

Yn beide wurden is lok mei de o-klank fan hok: it is net guod dat (ge)lok bringt, it is guod dat it oare geslacht lokje moat. Sokke gearstallingen fan in haadwurd en in tiidwurdstam komme net in geweldich soad foar, mar der binne mear foarbylden fan. Tink oan hannefret (ien dy’t in protte yt), berneskrik (net besteand wêzen dêr’t heiten en memmen de bern oer fertelle om foar te kommen dat se allinne fan it hiem ôf geane) en toskepoets – it oare wurd dat ik neame woe. Toskeboarstlersguod neamde ús mem it, op skrift waard de ferbinings-e meastal fuortlitten, mar myn maten hienen it oer toskepoets as se dat wite guod bedoelden dat je op ‘e toskeboarstel dogge. Dat rûkte ek lekker, mar it wie dan wer gjin famkelok.

desimber 21, 2021 07:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.