Henk Wolf: Bôlebak

desimber 9, 2021 07:54
Foto: Henk Wolf

Dit is it tredde diel yn in rige oer Fryske wurden dy’t net yn de wurdboeken steane. Ik ha dêr sa’n fyftich fan garre en fan de measten bin ik der ridlik wis fan dat se by mear minsken yn gebrûk binne as inkeld yn myn famylje.

By bôlebak is dat frij maklik oannimlik te meitsjen: dy’t op it wurd googelet, fynt der samar tsientallen foarbylden fan. Dêr moat men oars al wat kritysk nei sjen, in soad derfan lykje automatyske oersettingen te wêzen, mar de oersetsoftware kin dat wurd dus al. Fierders binne der ek dúdlik betroubere gefallen, lykas de oankundiging “Nij skoaljier, nije bôlebak!” fan Saapke Voolstra op Twitter en de folgjende prachtige sin út it boek Tichtby fan Jan Schokker:

“Hette hellet it deksel fan de plestik bôlebak en blêdet troch de plakjes bôle as in amtner dy’t yn de argyfkast siket nei de goede map en makket dan in kar nei in dûbel stik mei tsiis.”

In bôlebak is wat yn it Nederlânsk meastal in broodtrommeltje neamd wurdt, in lyts plestik dinkje dêr’t in pear stikken bôle yn passe en dat minsken typysk meinimme om op it wurk of ûnderweis op te iten. De Fryske wurdboeken jouwe as oersetting fan broodtrommel (it ferlytsingswurd stiet der net yn) allinne mar bôletromp, breatromp en itenstromp. Dy lêste twa kin ik net en in bôletromp is by my in stik grutter: sa’n ding hat in fêst plak yn ‘e keuken en der passe mei gemak twa hele bôlen, in pakje brea en in pûde krintepofkes yn.

Ik wol oars leauwe dat bak yn it Frysk justjes gebrûkliker is as yn it Nederlânsk – en dan haw ik net oer twibakken. Wat myn oarehelte yn it Nederlânsk in reismandje neamt: in plestik ding mei in doarke deryn dêr’t wy de kat yn stopje as er nei de fee-arts ta moat, dat soe ik yn it Frysk net in reiskuorke of sawathinne neame, dat wurdt in reisbakje. Wat sy een schaaltje vla neamt, neam ik in bakje brij – en ik bin der wis fan dat ús pake en beppe dat ek seinen.

desimber 9, 2021 07:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.