Henk Wolf: Beage

desimber 12, 2021 09:00
Foto: Chris Martin / Unsplash

Yn de rige oer wurden dy’t net yn de wurdboeken steane, wol ik diskear beage behannelje. Dat wurd stiet yn it Wurdboek fan de Fryske Taal foar it ding dêr’t in hynder yn sit as it in wein of in skip lûkt en ek foar in dinkje dat in bern oan hat as heit en mem net wolle dat it fuortdraaft. It stiet der net yn yn de betsjutting fan wat yn it Nederlânsk de veiligheidsgordel of riem hyt – sa’n reep stof yn ‘e auto dy’t makket dat jo by in botsing net troch it foarrút hinne fljogge.

Ik miende dat it yn dy betsjutting ek net yn de wurdboeken op taalweb.frl stie, mar dy site is der net mear. Yn de opfolger, frysker.nl, stiet it yn alle gefallen wol en fan de redaksje fan It Nijs krige ik it berjocht dat it ek yn it Frysk Hânwurdboek stie. Nei alle gedachten haw ik simpelwei net goed sjoen. En oars ha de wurdboekminsken fan de Fryske Akademy it wurd der wilens miskien by set. Ik ha se myn list mei ûntbrekkende wurden in skoft lyn tastjoerd, dus dat soe ek kinne. Yn de oersetwurdboeken fan Visser en Zantema ûntbrekt it lykwols.

Der stiet op frysker.nl al by dat it iroanysk is yn dy betsjutting en dat kin ik wol ynskikke. Ik haw it wurd ek leard fan minsken fan de Fryske Akademy, yn de foarige ieu noch, en yn it begjin hearde it my foaral grappich oan. Mar as ferskillende minsken it konsekwint brûke, slyt de irony der sa súntsjes wat fan ôf en ik tink dat der ûnder de taalbewuste Fryskpraters sa stadichoan guon binne dy’t it as geef Frysk alternatyf foar – ja, foar wat eins, riem? – brûke.

desimber 12, 2021 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.