Help frege

desimber 27, 2021 10:37

Ynstjoerd

Wytze Hospes
boarne: www.ouderensongfestival.nl

Wannear hat men nijs? Dat is fansels de fraach. Myn nijs is oan de iene kant al wer âld, mar sa as wol faker hjoed-de-dei kin it ek samar wer nij wêze, en dat is it ek by my.
Ik doch mei oan it ‘ouderensongfestival’ en ik stean dêr yn de finale. Dy sil wêze yn it De la Mar-theater yn Amsterdam. It soe foar it earst wêze dat der in Fryske sjonger of sjongeres yn de finale stiet mei in Frysk liet!

Goed nijs, mar ek al wer âld, want de finale hie wêze sillen op 12 desimber, mar dy is yn earste ynstânsje oergien fanwegen koroana. Wat no earst wol trochgiet is de online stimming en wol oant 31 desimber fan dit jier en dat is nij nijs, want der binne minsken dy’t dat net meikrige hawwe. Dy geane derfan út dat se oant 11 desimber stimme koene.

No soe it prachtich wêze as “Nijslêzers” op my stimme wolle, sadat ik noch wat heger yn de stimlist kom mei myn Fryske liet.

It wurket simpel. Gean nei de side fan ouderensongfestival.nl en klik dan it earste fek oan dêr’t yn stiet “Voordat u gaat stemmen”. Alle lieten fan de finalisten kinne dêr ek belústere wurde. Mar hawwe jo gjin tiid, gean dan nei myn namme en jou jo stim.

It soe fansels prachtich wêze as it Fryske liet heech einiget yn de online stimming. Ik stean no twads en haw sa’n 80 stimmen nedich om in plak op te skowen, mar mear is nea wei fansels.

Yn de sjongfinale moat ik der sels mei rêde, mar yn de online stimmerij haw ik jim help hurd nedich, want myn eigen kontakten kinne my net mear fierder helpe.

Alfêst betanke.

Mei freonlike groetnis,

Wytse Hospes, Tersoal

desimber 27, 2021 10:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.