Healjier nei yninting kin beppe wol koroana krije, mar dan licht

desimber 3, 2021 10:48
Foto: pixabay.com

In healjier nei de lêste prip (de twadde fan Pfizer, Moderna of AstraZeneca, de earste fan Janssen) is de beskerming tsjin besmetting mei it koroanafirus wer tebekrûn. Undersyk hat útwizing dien dat minsken fan santich jier en âlder mei in faksinaasje mar 13 of 19 persint minder faak in positive útslach krije by koroanatests as minsken sûnder faksinaasje. By fyftiger en sechstigers is it ferskil 50 persint en by tritigers en fjirtigers 60 persint.

Neffens epidemiologe Brechtje de Gier fan it RIVM binne de sifers net folslein betrouber, bygelyks trochdat mear minsken mei koroana har teste litte. Hja tinkt dat de faksins yn werklikheid better beskermje en dat âlde minsken navenant faak oare sykten hawwe dy’t derfoar soargje dat de faksins net goed wurkje. Dochs nimt de beskerming tsjin besmetting nei in healjier dúdlik ôf.

Dat wol net sizze dat minsken dan ek wer slim siik wurde kinne. In grut ûndersyk yn Amearika hat sjen litten dat it ymmúnsysteem him nei in pear moanne deljout, sadat it firus it lichem fia de kiel wer yn komme kin. Is it troch dy wei yn it lichem bedarre, dan slacht it ymmúnsysteem lykwols dochs oan en nei in pear dagen wurdt it wer opromme, foardat it de pasjint slim siik meitsje kinnen hat. Nederlânsk en Belgysk ûndersyk litte sjen dat de beskerming tsjin slimme sykte foar alle leeftydsgroepen boppe de 80 persint leit en de beskerming tsjin opname op ’e yntinsive-soarchôfdieling leit sels boppe de 90 persint.

Foar minsken ûnder de tritich liket it wat oars. By harren wurket de faksinaasje nei in healjier noch behoarlik goed tsjin besmetting. Harren ymmúnsysteem is oer it generaal al better en mei in prip derby hawwe hja nei in healjier noch altyd 75 persint minder kâns op besmetting.

desimber 3, 2021 10:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.