Gynekolooch skriuwt Frysktalige iepen brief oan Doutzen Kroes
Resint ferskynd
Om’t fotomodel Doutzen Kroes har oppenearret tsjin koroanafaksinaasjes en om’t se mei likernôch seis miljoen folgers op it sosjaal medium Instagram in influencer fan komsa is, publisearre gynekelooch Waltje Jager fan it Sint Jans Gasthuis yn Weert in iepen brief op it profesjonele ynternetmedium Linked-in. Hja die dat yn it Frysk en mei dêrtroch is der in soad omtinken foar.

Doutzen Kroes op de catwalk (boarne: Wikipedy/Peter Duhon – CC BY 2.0)
Dit is de ynhâld fan it brief:
Bêste Doutzen,
Sille wy ruilje? Ik soe op de catwalk rinne kinne, ha wol in maatsje mear as dy en ik kin ek net sa moai op hege hakken rinne.
Wy binne beide Friezen om utens mei in prachtige Fryske namme. Wêr asto wennest wit ik net, ik wenje yn Limboarch. Beide wolle wy it bêste foar froulju en hawwe in ‘moederhart’. Ik bin mem fan in famke en twa jonges.
Ek bin ik hast 27 jier gynekolooch. Nea ha ik my sa machteleas fielt as no. Wy krije hieltyd mear froulju dy’t yn ferwachting as al befallen binne mei somtiden hiel sike poppen op de IC. Sy moatte oan de beäzeming fanwege ûntstutsen longen fan in koroana-ynfeksje. En om te beäzemjen moatte wy romte meitsje en de poppe fia in keizersneed faak te betiid der út helje.
Dy froulju binnen net yninte, dêr binne sy bang foar. It slagget my faak net om har út te lizzen dat ek foar har en harren poppen de faksinaasje it feilichste is. Do hast in soad ynfloed by jonge froulju. Wolst my helpe? Alfêst freonlike tank,
Weert, Waltje Jager
PS Myn wite jas is wol in pear maatsjes te grut foar dy.
De ferwizing nei ‘moederhart’ slacht mei op it platfoarm dat deselde namme hat, dêr’t frou Kroes har earder dit jier by oansleat en dat in maatskippij sûnder ‘test- en faksinaasjetwang’ foarstiet.
It brief smiet hûnderten reaksjes op. In protte dêrfan binne te lêzen op Linked-in (nei oanmelding): Klik hjirre.
Waltje hat gelyk
Bedankt
Frou Jager hat gelyk. Better ien Waltje Jager as tsien Kroezen.
de spiker op ‘e kop Waltje!