Grutte Fryske Wurkstikpriis

desimber 5, 2021 08:51

Goed nijs foar learlingen en studinten dy’t harren wurkstik yn it Frysk of oer it Frysk en Fryslân meitsje wolle. Dat wurkstik mei letterlik alles wêze, fan praktyske opdracht oant profylwurkstik, fan in opdracht yn in les oant de ôfstudearopdracht.

Boarne: NHL Stenden

De provinsjale fakseksje Frysk VLLT (Vereniging van Leraren in Levende Talen) hat de ‘Grutte Fryske Wurkstikpriis’ yn it libben roppen om learlingen yn it fuortset ûnderwiis en studinten yn it beropsûnderwiis en it heger ûnderwiis te stimulearjen om mei it Frysk en Fryslân oan ’e slach te gean. Yn twa kategoryen kinne learlingen en studinten de earste priis fan 200 euro en de twadde priis fan 100 euro winne. De priis wurdt alle jierren op ‘e nij útjûn oan de bêste wurkstikken dy’t troch in profesjonele sjuery beoardiele wurde sille. Wurkstikken moatte foar 30 maaie 2022 troch de dosint ynstjoerd wêze.

Dus dosinten en learlingen kinne oan ’e slach en in moaie bûssint mei it Frysk fertsjinje.

Taheakke: struibrief

desimber 5, 2021 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.